Siegfried Woldhek
Siegfried Woldhek (4 maaie 1951) is in portrettekener en cartoonist.
Woldhek studearre biology en begûn mei it tekenjen fan fûgels. De belangstelling foar de natoer/fûgels waard yn syn jeugd sterk fieden troch de fakânsjes dy't er trochbrocht by Master Pe de Jong op De Tike of de famylje Boonstra op De Feanhoop. Hy wie direkteur fan Fûgelbeskerming Nederlân en it Wrâld Natoer Fûns. Sûnt de santiger jierren tekent er neist fûgels ek portretten fan BN'ers út dy jierren. Hy tekent sûnt 1976 foar Vrij Nederland en fan 1980 ôf yn NRC Handelsblad.
Siegfried Woldhek tekent mei subtile tearen, hûdwulvings, fetkwabkes, skeane tosken, hingjende eachlidden en wylde hierkes. Fan syn persoanen dikket er guon eigenskippen oan (karikatuer). Willem van Hanegem, Rintje Ritsma, Kees van Kooten en Astrid Jongerius en in soad oaren ûntkamen net oan syn trefsekere tekenpinne. Hy tekent mei pinne en wetterferve. Somtiids brûkt er ek wol potlead, pastel, kryt of filtstift foar syn cartoons. De technyk past er oan by it effekt dat berikt wurde moat. De iene kear is Woldhek mear cartoonist, in oare kear mear tekenjende keunstner yn in galery.
Wurk
bewurkje seksje- Getekende Nederlanders, (2009)
- Literair variete Skuorkalinder (2007) Interstat;
- Hoe dieren het doen, (2006)
- Wereldvrouwen, (2004)
- Knetterende Letteren, (2003)
- Sportportretten op maandag - Gijs Holland (2002)
- Tekeningen, Stichting Pers en Prent (1987), foarwurd Peter van Straaten
- Getekende schrijvers, Nijgh en Van Ditmar (1986), foarwurd Jeroen Brouwers;
- Literaire tekeningen, De Bezige Bij (1980), foarwurd Rudy Kousbroek;
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|