Sigmund Löw
Sigmund Löw (Rastatt, 11 maaie 1845 - Amsterdam, 15 maart 1910) wie in Dútske fotograaf.
Libben en wurk
bewurkje seksjeLöw kaam út in Dútsk-joadske famylje, hy wie in soan fan Hirsch Löw en Fanny Ehrmann. Yn de jierren 70 fan de 19e iuw fêstige er him mei syn skoansuster Sophia Herz (1852-1940) yn Amsterdam, dêr't sy harren Spiegelfabriek, Magazijn van Schilderijen en Encadrementen iepenen. Se setten dêrmei in saak troch dy't yn 1869 oprjochte wie yn Dútslân en om 1900 hinne de namme Atelier Hertz krige. [1] Yn de jierren 80 hat de saak twa lokaasjes yn Amsterdam, de spegelhannel oan de Heerenstraat en in keunsthannel oan de Herengracht. Löw makke as fotograaf cartes de visite, kabinetfoto's en stereofoto's. Hoewol't op de fotokartonnen de firmanamme Herz fermeld stie, is op it meastepart dêrfan in steande liuw mei wapen te sjen, mei op it skyld in haadletter S, wat lêzen wurde kin as S. Löw. [2]
Yn 1902 ferhuze it atelier nei de Prinsengracht. Löw ferstoar yn 1910 yn de âldens fan 64 jier.
Portretrige
bewurkje seksjeLöw hat yn 1913 in rige portretten fan bekende Nederlânske byldhouwers en keunstskilders yn harren atelier makke, ûnder oaren fan:
- Constant Joseph Alban
- Louis Apol
- Nicolaas Bastert
- Johan Braakensiek
- Eduard Frankfort
- Arnold Marc Gorter
- Sophie Jacoba Wilhelmina Grothe
- Abraham Hesselink
- Johan Hulk
- Isaac Israëls
- Hendrik Willebrord Jansen
- Hein Kever
- Simon Maris
- Joseph Mendes da Costa
- Sientje Mesdag-van Houten
- Julius van de Sande Bakhuyzen
Galery
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sigmund Löw fan Wikimedia Commons. |