Simon Maris
Simon Willem Maris (Den Haach, 21 maaie 1873 – Amsterdam, 22 jannewaris 1935) wie in Nederlânsk keunstskilder.
Maris wie soan en learling fan de skilder Willem Maris. Hy wenne en wurke efterinoar yn De Haach, Weesp, Antwerpen (nei 1895), Brussel, Amsterdam en Parys (nei 1902). Hy studearre 2,5 jier oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach; 2 jier oan de akademy foar Byldzjende Keunsten yn Antwerpen; makke in stúdzjereis fan in jier nei Parys en ien nei Itaalje. Hy skildere, tekene en etste figueren (benammen froulju) en portretten en joech les oan N.F.H. Cevat, M.R. Jacobson, E. van Mastricht. Wurk fan him is oanwêzich yn it Ryksmuseum yn Amsterdam, it gemeentemuseum yn Arnhim, it Drintsk Museum yn Assen en de Universiteitsmuseum yn Grins. Hy wie befreone mei Piet Mondriaan fan 1900 ôf.
Galery
bewurkje seksje-
In frou
-
Twa famkes yn de dunen (1916)
-
In famke
-
Mem en bern
-
Lêzend famke
-
Lêzend famke
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
De Keunstkeamer Utert, 2008. |