Simeon is in yn it Nije Testamint neamde profeet, dy't Jezus nei de berte wijde yn de timpel fan Jeruzalim.

De profeet Simeon mei Jezus neffens in wurk fan José de Ribera (1647)
De skryn yn de Simeontjserke fan Zadar (Kroaasje, foto 1900)

Neffens de Wet fan Moazes moast elts earstberne jonkje oan de Heare wijd wurde en sa teagen ek Joazef en Marije nei Jeruzalim om harren bern yn de timpel suverje te litten. De Wet skreau ek foar dat dêrby in pear toartels of in pear jonge dowen offere wurde moasten.

Simeon wurdt yn de Skrift omskreaun as in fromme en rjochtfeardige man, dy't de Hillige Geast oer him hie. De Hillige Geast hie Simeon ûnthjitten dat hy net earder stjerre soe, ear't hy de foarseine Kristus sjoen hie. It wie ek de Hillige Geast dy't Simeon nei de timpel dreau, doe 't dêr Joazef en Marije mei it bern hinne gyngen. Simeon naam it bern op 'e earms en út tankberens spriek Simeon in bea út, dat bekend woarn is as it Nunc Dimittis:

No jouwe Jo, Hear, jo tsjinner it frij om nei jo tasizzing yn frede hinne te gean;
myn eagen hawwe no ommers de ferlossing sjoen,
dy't Jo taret hawwe foar it each fan alle folken,
in ljocht om de heidens it paad te wizen
en in gloarje foar jo folk Israel.

Nei't de âlden harren jonkje segenje lieten troch Simeon, foarsei de âlde profeet dat it jonkje net allinnich heil bringe soe mar ek tsjinspraak en fertriet. Mei de wurden ek troch jo hert sil in swurd gean tsjin Marije ferwiisde de profeet nei de marteldea fan har soan.

Ferearing bewurkje seksje

Al yn de iere kristlike tiid waard Simeon as hillige fereare. Simeon's reliken waarden yn de 6e iuw nei Konstantinopel brocht en fan dêr wei yn 1243 nei Zadar yn Kroaasje, wêr't de reliken yn in midsiuwske skryn yn de nei de hillige ferneamde tsjerke noch jimmeroan wurde bewarre.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Simeon fan Wikimedia Commons.