Simmerhûs (Ljouwert)

(Trochferwiisd fan Simmerhûs)

It Simmerhûs stie yn de Prinsetún fan Ljouwert en waard yn of koart nei 1684 boud.

Steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz (1613-1664) krige yn it fredesjier 1648 fan it stedsbestjoer fan Ljouwert tastimming om de romte binnen it bastion "de Doeledwinger" te brûken as lusthôf. Hy liet dêr in prachtige renêssânsetún oanlizze mei lange leanen op de wâlen fan it bastion. Dêrnei waard it gebiet geandwewei útwreide en der waard ûnder oaren in toernoaifjild oanlein.
Syn skoandochter Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, dy't troude mei Hindrik Kasimir II, naam yn 1684 it beslút om it hoveniershûs ferfange te litten troch in grut simmerhûs.

Yn 1734 waard de Prinsetún opnij ynrjochte by gelegenheid fan it houlik fan de lettere steedhâlder Willem IV mei de Ingelske keningsdochter Anna fan Hannover. De tún feroare no yn Frânske, barokke tún. Yn 1842 pakte Roodbaard it park opnij oan, wêrby't de hege wâlen ferlege waarden en it Simmerhûs ferfongen waard troch in nij gebou.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: