Simon Taco Land
Simon Taco Land (Frjentsjer, 7 novimber 1845 - De Haach, 7 oktober 1894) wie in Nederlânsk politikus.
Land wie in liberale marineoffisier en Twadde Keamerlid. Hy wie de soan fan in goud- en sulversmid út Dokkum. As Keamerlid foar it 'marine'-distrikt Den Helder spruts hy alline noch oer oangelegenheden betreffende de seemacht, lykas oer de bou fan skipken, de besoldiging en pensjoenfoarsjenning fan manskippen en offisieren en it seefeartkundich ûnderwiis. De wegering om him te befoarderjen, late yn 1891 ta in liberale moasje fan ôfkarring tsjin de minister Dyserinck, de destiidske minister fan Marine.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|