Simón Bolívar
Simón José Antonio de la Santísima Trinidad Bolívar y Palacios, of koartwei Simón Bolívar (Karakas, 24 july 1783 – Santa Marta, 17 desimber 1830) wie in Súd-Amerikaanske steatsman. Hy befrijde in grut part fan Súd-Amearika fan de Spaanske oerhearskers en wurdt dêrtroch meastentiids as "El Libertador" (de befrijer) oantsjutten. Yn de jierren 1819-1824 befrijde hy hiel Kolombia, Ekwador, Perû en Opper-Perû, dat him ûnder de namme Bolivia ta ûnôfhinklike republyk útrôp en Bolivar ta diktator beneamde (1825-1826).
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Ferskaat
bewurkje seksjeYn 'e moderne tiid referearre Hugo Chávez, presidint fan Fenezuëla, faak oan Simón Bolívar en neamde syn belied de Bolivariaanske Revolúsje.
De skriuwer Gabriel García Márquez joech yn it boek De Generaal yn syn Labyrint in portret fan Bolívar. Yn dat boek oertinkt De Generaal, yn syn lêste libbensjierren, syn libben.