Simone Weimans
Simone Weimans (Rotterdam, 23 novimber 1971) is in Nederlânsk nijslêzeresse, presintatrise en programmamakster fan Surinaamsk komôf.
Simone Weimans | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Simone Weimans | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 novimber 1971 | |
berteplak | Rotterdam (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Surinaamsk-Kreoalsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, presintatrise programmamakster | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | VARA, NOS | |
bekend fan | NOS Journaal | |
jierren aktyf | 1998 – no | |
offisjele webside | ||
Simone Weimans op Twitter |
Karriêre
bewurkje seksjeAl ûnder har stúdzje wurke Weimans by de Wrâldomrop. Yn 1998 studearre hja ôf oan 'e Erasmus Universiteit yn Rotterdam, en dêrnei sette hja útein mei wurk by de VARA, earst as ferslachjouwer en letter as redakteur foar ferskate programma's op Radio 1 en Radio 5. Dêrby wie Weimans úteinlik ek aktyf as radiopresintatrise, û.m. fan Halte 747, De Ochtenden en Radio Kassa.
Letter begûn Weimans ek voice-over-wurk foar de tillefyzje te dwaan, en waard hja "de stim" fan Nederlân 3. Dêrnjonken spriek hja ek teksten yn foar de dokumintêres fan 'e rubryk Zembla en ferskate oare programma's. Yn Dichtbij Nederland wie hja yn dyselde snuorje foar it earst ek op 'e tillefyzje te sjen. Har earste tillefyzjepresintaasje-ûnderfining die hja op by programma's op digitale temakanalen.
Fan 2013 ôf is Weimans wurksum by de NOS, as nijslêzeresse fan it NOS Sjoernaal. Yn dy funksje is hja benammen moarns en middeis te sjen, mar soms ek wol jûns. Dêrnjonken is se belutsen by it Radio 1-programma De Gids.FM, wêrfoar't se in rubryk makket en presintearret oer de sosjale media en it ynternet, mei as namme Tijdgeest.
Priveelibben
bewurkje seksjeSimone Weimans is fan Surinaamsk-Kreoalsk etnysk komôf; har âlden binne yn 'e sechtiger jierren nei Nederlân ta emigrearre. Weimans is de suster fan moadeûntwerpster Marga Weimans.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |