Sint-Adelbertabdij

De Sint Adelbertabdij is in benediktinerabdij yn Egmond-Binnen yn Noard-Hollân. De stoflike omskotten fan de hillige Adelbert fan Egmond lizze ûnder it alter fan de abdijtsjerke. Ek de Hollânsk greven Durk II, Aarnout, Durk III, Durk V, Floris I en Floris II waarden dêr beïerdige.

De Sint-Adelbertabdij
Joodsk begraafplak en ruïnes fan de Sint Adelbertabdij troch Jacob van Ruisdael om 1655
Ruïne fan de abdij om 1725 (fan Cornelis Pronk)

De Sint Adelbertabdij is de âldste abdij fan Hollân, stichte yn de iere tsiende iuw troch greve Dirk I fan Hollân. De abdij ûntjoech him yn de Midsiuwen ta in wichtich religieus en kultureel sintrum yn Hollân, mei in mânske bibleteek. It aadlik laach Egmont kaam fuort út de advocati (fâden) fan de abdij.

Yn 1573 waard de abdij fanwege Willem fan Oranje ferwoastge troch de wettergeuzen oanfierd troch Diederik Sonoy. De besittingen fan de abdij waard de oprjochting fan de universiteit fan Leien mei betelle. De ruïnes bleaune bestean oant om 1800 hinne en waarden dêrnei sloopt. It tolfde-iuwske Timpaan fan Egmond, dat boppe de poarte yn de westfasade siet, bleau bewarre en sit sûnt 1842 yn de kolleksje fan it Ryksmuseum Amsterdam.

De moderne abdij

bewurkje seksje

Nei de Earste Wrâldoarloch hat de katolike politikus Jhr. Charles Ruijs de Beerenbrouck krewearre foar it fannijs oprjochtsjen fan de abdij. Hy krige de bynamme "edelman-bedelman" meidat er oeral jild frege foar de oanskaf fan de grûn en de kosten fan de nijbou. It jild kaam der en yn 1933 waard út ein set mei de bou en op 23 augustus 1935 lutsen de earste mûntsen it nije gebou yn. It ambisjeuze plan fan arsjitekt A.J. Kropholler waard lykwols mar foar in part útfierd.

Op 12 maart 1936 krige it nije kleaster de status fan prioratus simplex ("ienfâldige priorij"). Yn 1950 folge de opwurdearring ta abdij.

Yn de perioade 1948-1953 waard it gebou troch arsjitekt B.J. Koldewey útwreide mei in wenpart en in tsjerke.

De hjoeddeiske abt is Gerard Mathijsen.

 
Makette fan de abdij

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: