Sint-Dominikustsjerke (Alkmar)

De Sint-Dominikustsjerke wie in roomske tsjerke oan 'e Laat 9 yn 'e Noard-Hollânske stêd Alkmar.

Sint-Dominikustsjerke
Lokaasje
plak Alkmaar
adres Laat 9 (no 126)
koördinaten 52° 37' NB, 4° 44' EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Dominikus Guzman
Arsjitektuer
arsjitekt Pierre Cuypers
boujier 1866
sloopjier 1985
boustyl Neogotyk
Kaart
Sint-Dominikustsjerke (Alkmar)
Sint-Dominikustsjerke

Sûnt 1630 wie der al in oan Dominikus wijde skûltsjerke yn Alkmar. Dy waard betsjinne troch de paters dominikanen. Om 1860 hinne waard ta nijbou besletten. De arsjitekt wie Pierre Cuypers (1827–1921). Opsichter by de bou wie Evert Margry (1841–1891), in eardere feint fan Cuypers. De nije tsjerke waard in hege, trijeskippige krúsbasilyk, dy't op de iere Frânske gotyk ynspirearre wie.

 
Ynterieur

Fanwegen de lokaasje en de beheinde romte wie de tsjerke net eastlik oriïntearre en hie it ynterieur galerijen. Yn it plak fan in toer foar de tsjerke krige it gebou in grutte fjouwerkante krusingstoer.

Yn 'e jierren 1960 waarden by de oanpassing fan it koer oan 'e nije liturgyske easken it haadalter en de preekstoel fan Cuypers út de tsjerke ferwidere. De tsjerke waard yn 1974 sletten foar de earetsjinst. Noch in jier earder wie de tsjerke op 'e list set as ryksmonumint.

Der hat noch in stifting krewearre foar it behâld fan 'e monumintale tsjerke, mar yn 1985 folge dochs de ôfbraak fan it Cuypers-gebou. Fan de tsjerke bleau allinne in treptoer oer, dy't oan de foarkant fan it westlike sydskip stie. Dy toer is yntegrearre yn it winkelsintrum Domus.

It oargel dat yn 1897 troch Michaël Maarschalkerweerd boud wie, krige yn 1984 in nije funksje yn 'e Sint-Willibrorduskerk fan Bodegraven. De klokken ferhûzen nei it tsjerklike sintrum De Blije Mare yn Alkmar. Ek twa brânskildere ramen binne bewarre bleaun en kamen dêr telâne.

Ofbylden fan 'e Dominikustsjerke foar en nei de ôfbraak en de hjoeddeiske sitewaasje

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: