De Sint-Janstsjerke yn Hoarn op Skylge is ien fan de âldste bouwurken op it eilân.
It gebou is út de 13e iuw. Yn 1230 wie der al sprake fan de bou fan in kapel op dit steed. It is in ienbeukige tsjerke mei in lytse, mar swiere toer oan de westkant. De tsjerke wurdt brûkt foar tsjerketsjinsten fan de Herfoarme gemeente East Skylge en foar brulloften en konserten.[1] Om de tsjerke is in tsjerkhôf dat nog altyd as begraafplak brûkt wurdt.
Tusken 1963 en 1969 waard de tsjerke restaurearre. Yn de romte ûnder de toer binne foarwerpen as munten en boufragminten te besichtigjen dy't by de restauraasje yn de boaiem fûn binne. De tsjerke is in Ryksmonumint.[2]