Sint-Joazeftsjerke (Heech)
De Sint-Joazeftsjerke is in roomsk-katolike tsjerke yn Heech.
Sint-Joazeftsjerke | ||
Lokaasje | ||
koördinaten | 52° 58' NB, 5° 36' EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Joazef fan Nazareth | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pierre Cuypers | |
boujier | 1876 | |
boustyl | Neogotyk | |
Webside | ||
Antoniusparochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe neogotyske tsjerke út 1876 waard ûntwurpen troch de arsjitekt Pierre Cuypers en wie de fiifde fan 'e yn totaal sân neogotyske tsjerken dy't er yn Fryslân boude. Hy moast lykwols wol in pear eleminten út it ûntwerp fan konkurrint Alfred Tepe oernimme. De tsjerke oan 'e Harinxmastrjitte is in ienskippige krústsjerke en ferfong eartiids in ferboude stâl op itselde plak.
De kânsel en it heechalter binne ek neogotysk. De brânskildere ramen binne makke troch F. Nicolas.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in ienmanualich koeroargel út 1904 fan Johannes Hilboesen mei fiif registers.
Yn Heech stean noch twa tsjerken: De Haghatsjerke (oan 'e Tsjerkebuorren) en de Ichtustsjerke dy't ûntwurpen waard troch Tjeerd Kuipers.