Ichtustsjerke (Heech)
De Ichthustsjerke wie oant 2021 in protestantske tsjerke yn Heech yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Yn dat jier waard yn 'e tsjerke foar it lêst in tsjinst holden. De protestantske gemeente makket sûnt allinne noch gebrûk fan de Haghatsjerke.
Ichtustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Heech | |
adres | De Skatting 30 | |
koördinaten | 52° 58' NB, 5° 36' EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
status | sûnt 2021 bûten gebrûk | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Tjeerd Kuipers | |
boujier | 1889 | |
boustyl | neorenêssânse | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
Side Protestanske gemeente Heech | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeMei't yn 1887 in grut part fan 'e Herfoarme gemeente fan Heech briek mei de tsjerke en oergie nei de tsjerke fan 'e Doleânsje moast der in nije tsjerke komme. Yn july 1889 waard útein set mei de bou dêrfan en al in heal jier letter koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde. De krústsjerke mei in toer yn 'e súdeasthoeke is yn neorenêssânse styl neffens in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers fan 'e Gordyk boud.
De tsjerke waard yn 1967 ferboud en doe binne de kreaken yn 'e sydearms útbrutsen. Ek waarden de banken, it liturgyske sintrum en de preekstoel fernijd. It ynterieur hat in houten ferwulft.
Op 30 maaie 2021 waard foar it lêst in tsjinst holden yn 'e Ichtustsjerke. De tsjerke waard ferkocht en der sille apparteminten yn boud wurde. De keaper fan 'e tsjerke hat tasein it eksterieur safolle mooglik yntakt te litten.[1]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard troch Bakker & Timmenga boud en it front wie in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers. Is is net bekend wat der mei it oargel barre sil (2023).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ichtustsjerke, Heech fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|