Sint-Nikolaaskatedraal (Kazan)

De Sint-Nikolaaskatedraal (Russysk: Никольский собор) is in tsjerkekompleks fan it bisdom Kazan-Tatrastan fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Kazan, Ruslân. Sûnt 1946 is it de katedraal fan it bisdom.

Sint-Nikolaaskatedraal

Никольский собор

Lokaasje
lân Ruslân
republyk Tatarstan
plak Kazan
adres ûlitsa Bauman, 5
koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
Arsjitektuer
boujier 1696-1703: Foarbeatsjerke
1720-1730: klokketoer
1885: nije Nikolaastsjerke
boustyl Eklektisisme (Nikolaaskatedraal); barok (Foarbeatsjerke en klokketoer)
monumintale status Regionaal monumint
monumintnûmer 161721250290005
Webside
nks-km.ru
Kaart
Sint-Nikolaaskatedraal (Kazan)
Sint-Nikolaaskatedraal

It kompleks bestiet út de Nikolaas- en Foarbeatsjerke, dy't by de alterromte meiïnoar ferbûn binne, in frijsteande klokketoer, kapellen en in pear bestjoersgebouwen. It gehiel fan 'e Nikolaaskatedraal falt ûnder it kultureel erfgoed fan de Russyske Federaasje en is in toeristyske attraksje fan de stêd.

It is bekend dat op it plak yn 1565 al in houten Nikolaastsjerke stie. Tsjin 'e ein fan 'e 17e iuw waard op dat plak in stiennen tsjerke mei ien koepel boud. Tusken 1696 en 1703 waard njonken de Nikolaastsjerke in simmertsjerke boud, dy't as Foarbeatsjerke wijd waard, in stiennen tsjerke mei seis pylders en trije apsissen. It kin lykwols wêze dat dy tsjerke âlder is en de bekende jiertallen (1696 en 1703) op in restauraasje fan in besteande tsjerke slaan.

 
Nikolaaskatedraal.

Tusken 1720 en 1730 waard oan 'e Foarbeatsjerke in fiif ferdjippings hege klokketoer boud. De slanke toer einiget mei in sipel fan keramyske, donkergriene skobben. Yn it 18e-iuwske Kazan waarden sa in soad dakken en sipels fan tsjerken fersierd. De sipel fan 'e toer is hjoed-de-dei de iennige dy't mei dy dekoraasje bewarre bleaun is. Fjouwer fan 'e fiif koepels fan 'e Foarbeatsjerke datearje nei alle gedachten fan in renovaasje yn 1892.

De âlde Nikolaastsjerke waard yn 1883 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in ienkoepelige nijbou yn eklektyske styl mei neoklassisistyske eleminten en in tige dekorative gevel. De Nikolaastsjerke wie foar dy tiid tige modern en wie ien fan de earste tsjerken yn it bisdom dy't in oansluting hie op it elektrisiteitsnet.

Lykas in soad tsjerken yn Ruslân waard ek de Nikolaastsjerke yn 1930 sletten troch anty-religieuze Sovjet-oerheid. Yn 1944 waard de tsjerke lykwols wer op 'e nij iepene. Twa jier letter krige de aartsbiskop tastimming om fan 'e tsjerke de katedraal fan it bisdom te meitsjen. De lytse tsjerke bleau ek neitiid de katedraal, ek al binne sûnt de fal fan it kommunisme de belangrykste tsjerken fan 'e stêd, de Ferkundigingskatedraal en de Petrus- en Pauluskatedraal, wer op 'e nij iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: