Sint-Pantaléontsjerke (Keulen)
De Sint-Pantaléontsjerke is ien fan 'e tolve romaanske tsjerken yn 'e Dútske stêd Keulen. De âldste dielen fan 'e ierromaanske tsjerke datearje út 'e 10e iuw en dêrmei is it de âldste noch besteande tsjerke fan Keulen. De eardere benediktynske kleastertsjerke waard wijd oan 'e hillige Pantaléon en oan Kosmas en Damianus, Yn 'e tsjerke lizze keizerinne Teofanu en aartsbiskop Bruno de Grutte begroeven. Paus Benediktus brocht yn 2005 in besite oan 'e tsjerke.
Sint-Pantaléontsjerke | ||
Westwurk. | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Keulen | |
adres | Am Pantaleonsberg 8 | |
koördinaten | 50° 55' N 6° 56' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
aartsbisdom | Keulen | |
Arsjitektuer | ||
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
www.sankt-pantaleon.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke stiet op in heuvel dêr't yn 'e Romeinske tiid in filla stie, dêr't noch wat resten fan yn 'e krypte fan 'e tsjerke te sjen binne. Op it plak waard letter in tsjerke boud en yn 955 stifte aartsbiskop Bruno, de broer fan keizer Otto I de Grutte, dêr in benediktynske abdij. Dêr waard Bruno ek begroeven. Yn 966 sette de bou útein fan in nije tsjerke, dy't yn 980 wijd waard.
It is de âldste tsjerke mei de ferearing fan Sint-Pantaléon west fan Byzantium. Keizerinne Teofanu, in byzantynske prinsesse dy't yn 972 mei Otto II boaske, liet in nije foargevel bouwe en hja waard neffens har winsken yn 'e tsjerke begroeven.
Oan it begjin fan 'e 16e iuw krige de tsjerke in nij, letgoatysk doksaal, dêr't letter in oargel op boud waard. Sûnt 1618 folge in barokke ferbouwing fan 'e tsjerke.
Nei de besetting fan Keulen troch de Frânske revolúsjetroepen yn 1794 folge de opheffing fan it kleaster. De tsjerke feroare yn in hynstestâl en nei't Keulen in diel fan Prusen waard yn in protestantske garnizoenstsjerke. Op it dak fan 'e tsjerke waard in optyske telegraaf set om tusken Keulen en Berlyn in ferbining foar flugge berjochten mooglik te meitsjen.
By de restauraasje fan 1890-1892 waard de tsjerke restaurearre en krige it westwurk syn Ottoanske oansjen werom. Yn 1922 waard de tsjerke troch de útwikseling fan 'e Kartuzertsjerke wer katolyk.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden it dak fan 'e tsjerke, dielen fan 'e muorren en in grut part fan de ynrjochting ferneatige. Nei de oarloch waard de tsjerke restaurearre en tagelyk waard tusken 1955-1962 ek argeologysk ûndersyk útfierd. Om 1956-1957 hinne krige de tsjerke nije klokken en yn 1963 in nij oargel.
Paus Benedictus XVI besocht de tsjerke op 19 augustus 2005 doe't de Wrâldjongereindagen yn Keulen organisearre waarden en prate dêr mei in groep studinten fan it seminaarje. Op 10 augustus 2006 wijde kardinaal Joachim Meisner in nije kapel yn 'e Pantaléontsjerke, dy't oan 'e yn 2002 hillich ferklearre stifter fan Opus Dei, Josemaría Escrivá, opdroegen waard.
Sarkofagen
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke steane de 10e-iuwske sarkofagen fan keizerinne Teofanu en aartsbiskop Bruno de Grutte.
De tsjerke besit in relykskryn út 1170 mei de reliken fan de hillige Maurinus fan Keulen. Ek is der in skryn fan de hillige Albanus fan Ingelân út 1186. Neffens guon boarnen wiene de reliken fan dy hillige al sûnt de 10e iuw yn 'e tsjerke. Neffens in oare teory binne de reliken fan Albanus nei de ûntbining fan 'e kleasters yn Ingelân yn 'e 16e iuw nei de Pantaléontsjerke brocht. Yn 2002 waard in bonke fan Albanus út de skryn nei de katedraal fan Sint-Albanus yn it Ingelske plak St Albans oerbrocht en dêr yn in skryn byset.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel op it doksaal waard yn 1963 troch Johannes Klais út Bonn boud. De ierbarokke oargelkas is lykwols âlder en stamt út 1652 en waard boud troch de fierder ûnbekend master Balthasar. It is de âldste oargelkas fan Keulen dy't bewarre bleaun is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:St. Aposteln
|