Wrâldjongereindagen
De Wrâldjongereindagen (WJD) is in ynternasjonaal barren dat om de trije jier troch de Roomsk-Katolike Tsjerke organisearre wurdt. De dagen wurde earne yn of by in grutte stêd holden en wurde yn 'e regel troch hunderttûzenen katolike jonge minsken bywenne.
Wrâldjongereindagen | ||
Wrâldjongereindagen yn Lissabon (2023) | ||
plak en tiid | ||
plak | wikseljend | |
tiid fan it jier | faak juny, augustus | |
bysûnderheden | ||
bestean | sûnt 1984 | |
oprjochter | Jehannes Paulus II | |
org. troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
offisjele webside | ||
Side Wrâldjongereindagen |
De Wrâldjongereindagen is in inisjatyf út de tiid fan it pontifikaat fan paus Jehannes Paulus II. Doel is om jonge katoliken tusken de 16 en 35 jier sterker te meitsjen yn harren leauwen en om nei te tinken oer de rol fan God yn it libben.
Yn 2000 waarden de wrâldjongereindagen yn Rome holden om't dat jier in jubeljier wie.
Ornaris wurde de dagen om de trije jier organisearre. It tal dielnimmers fan de dagen hinget sterk ôf fan de lokaasje dêr't de dagen holden wurde en kin fariearje fan in pear hûnderttûzend oant in pear miljoen.
Yn 'e jierren dat der gjin ynternasjonaal barren is, wurdt in wrâldjongereindei (iental) organisearre per lân of bisdom. Dy dei fynt altiten plak op Palmpeaske en sûnt 2021 op Kristus-Kening, de lêste snein fan it tsjerklik jier.
It Fatikaan publisearre yn it ramt fan de Wrâldjongereindagen in dekreet, dêr't yn fêstlein waard dat dielnimmers in ôflaat krije kinne. Dan moat der wol foldien wurde oan de folgjende betingsten:
Jiertallen en plakken Wrâldjongereindagen
bewurkje seksjeJier | Plak | Tal dielnimmers | Tal dagen (data) |
Tema |
---|---|---|---|---|
1984 | Ofbyld:Bandeira do Vaticano versão moderna.svg Fatikaanstêd | 300.000 | 1 (15 april) |
Hillich Jier fan 'e Ferlossing |
1985 | Ofbyld:Bandeira do Vaticano versão moderna.svg Fatikaanstêd | 300.000 | 1 (31 maart) |
Ynternasjonaal Jier fan 'e Jongerein |
1987 | Buenos Aires, Argentinië | 1.000.000 | 2 (11-12 april) |
Wy kenne en leauwe de leafde dy't God foar ús hat. (1 Jehannes 4:16) |
1989 | Santiago de Compostella, Spanje | 600.000 | 6 (15-20 augustus) |
Ik bin de Wei, de Wierheid en it Libben. (Jehannes 14:6) |
1991 | Czestochowa, Poalen | 1.600.000 | 6 (10-15 augustus) |
Jimme hawwe de Geast krige. dy't bern fan God fan jim makket. (Romeinen 8:15) |
1993 | Denver, Feriene Steaten | 700.000 | 6 (10-15 augustus) |
Ik bin kommen dat se libben en oerfloed hawwe meie. (Jehannes 10:10) |
1995 | Manilla, Filipinen | 5.000.000 | 6 (10-15 augustus) |
Lykas myn Heit My útstjoerd hat, stjoer Ik jimme út. (Jehannes 20:21) |
1997 | Parys, Frankryk | 1.200.000 | 6 (19-24 augustus) |
Rabby, wêr wenje jo? - Kom mei dan sille jimme it sjen. (Jehannes 1:38-39) |
2000 | Ofbyld:Bandeira do Vaticano versão moderna.svg Fatikaanstêd | 2.000.000 | 6 (15-20 augustus) |
En it Wurd is minske wurden en Hy hat ûnder ús wenne. (Jehannes 1:14) |
2002 | Toronto, Kanada | 800.000 | 6 (23-28 july) |
Jimme binne it sâlt fan 'e ierde. Jimme binne it ljocht fan 'e wrâld. (Mattéus 5:13-14) |
2005 | Keulen, Dútslân | 1.000.000 | 6 (16-21 augustus) |
Wy binne kommen om Him hulde te dwaan. (Mattéus 2:2) |
2008 | Sydney, Austraalje | 400.000 | 6 (15-20 july) |
Mar jimme sille fersterke wurde troch de Hillige Geast dy't oer jimme komt. (Hannelingen 1:8) |
2011 | Madrid, Spanje | 2.000.000 | 6 (16-21 augustus) |
Bliuw fêst bewoartele yn Him, lit jimme op Him bouwe en wurd befêstige yn it leauwen. (Kolossers 2:7) |
2013 | Rio de Janeiro, Brazylje | 3.700.000 | 6 (23-28 july) |
Gean der op út en meitsje alle folken learlingen fan My. (Mattéus 28:19) |
2016 | Krakau, Poalen | 3.500.000 | 7 (25-31 july) |
Sillich de barmhertigen, want hja sille barmhertichheid ûnderfine (Mattéus 5:7) |
2019 | Panama-Stêd, Panama | 700.000 | 6 (22-27 jannewaris) |
Ik stean ta jo tsjinst, Hear, dat it my neffens jo wurden gean mei (Lukas 1:38) |
2023 | Lissabon, Portugal | 1.500.000[1] | 6 (01-06 augustus) |
Marije gie hastich op reis (Lukas 1:39) |
2027 | Seoel, Súd-Koreä |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
De dielnimmeroantallen fan de dagen yn 1984 oant en mei 2019 binne ôfkomstich fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch en:World Youth Day
|