Sint-Pitersbasilyk

(Trochferwiisd fan Sint-Pietersbasilyk)

De Sint-Pitersbasilyk of San Pietro in Vaticano is in katolike tsjerke yn Fatikaanstêd.

De Sint-Pitersbasilyk

Boppe it ûnderstelde grêf fan Petrus is yn 160 nei Kristus in pylder oprjochte troch Paus Anicetus as herkenningspunt foar pylgers. keizer Konstantyn de Grutte liet yn 324 in basilyk bouwe boppe op it grêf fan Petrus, mei it grêf as middelpunt. Yn 349 wie it bouwurk hielendal klear. De basilyk is stean bleaun oant de 15e iuw. De basilyk wie doe âld en ynein. Paus Nicolaas V joech Barnardo Rossellino de opdracht ta it bouwen fan in nije basilyk. De paus kaam al rillegau te ferstjerren en der wiene allinnich noch mar tekeningen makke. Pas doe't Paus Julius oan de macht kaam, waard mei it wurk fierder gien. Hy joech Donato Bramate opdracht om in hiele nije basilyk te bouwen.

De basilyk fan Bramate hie grûnflak fan Gryksk krús en in sintrale fan fjouwer koepels. Der stienen allinnich noch mar fjouwer pylders ferbûn troch fjouwer bôgen dy’t de koepel drage moasten doe't Bramate yn 1514 ferstoar. Dêrnei hawwe Rafael, Fra Giocondo, Giulliano da Sangallo en Antonio da Sallango de plannen fierder útwurke.

Rafael makke it Grykske krús langer en op dizze manear wurde it in Latynsk krús. Baldassare Peruzzi en Antonia da Sangallo hawwe doe't se de lieding krigen, it Latynske krús wer feroare nei it Grykske krús. Yn 1547 wurdt Michelangelo di Buonarroti troch Paus Paulus III oansteld as haad arsjitekt. Hy feroare it krús opnij yn it Latynske krús. Doe't hy op 21 jannewaris 1564 ferstoar wienen de tamboer en de twa dwersbeuken krekt klear. Pirro Ligorio, Domenci Fontana en Giaciomo Della Porta dy’t de koepel fan Michelangelo’s ûntwerp ôfmakke ha, hawwe ek de rest fan syn ûntwerp ôfmakke.

Paus Paulus V joech yn 1605 Calo Maderna de opdracht om de tsjerke ôf te bouwen neffens it Latynske krús. Sa kaam der mear romte foar de leauwigen en ek it plak dêr't de Basilyk fan Konstantyn stien hie moast fol boud wurde. Maderna boude it middenskip mei oan twa kanten trije kappen en in gevel. Trochdat it skip langer makke is leit de koepel no fierder nei efteren dan dat einliks de bedoeling wie. De koepel is no net mear goed fan it plein ôf te sjen. Yn 1626 is de tsjerke ynwijd. It plein foar de tsjerke is it Sint-Pitersplein. Gianlorenzo Bernini hat tusken 1656 en 1667 twa kolonnades makke. Links stiet in byld fan Karel de Grutte de stifter fan de âlde basilyk.

 
De Sint-Pitersbasilyk fan binnen
 
De haadyngong