Sint-Piter

(Trochferwiisd fan Sint-Pitersfeest)

Sint-Piter is in feest dat alle jierren op 21 febrewaris yn Grou fierd wurdt. It feest wurdt faak mei Sinteklaas fergelike, mar it feest is oars wat datum, opset en patroanhillige oanbelanget.

Sint-Piter op in Frysk hynder

Oarsprong fan Sint-Piter

bewurkje seksje

Neffens in optocht ferhaal út 1900 kamen de bruorren Sint-Niklaas en Sint-Piter alle jierren op 5 desimber tegearre nei Nederlân mei presintsjes, oant in kear dat se de sek foar Grou ferjitten wienen. Sint-Piter moast werom en sa kaam er einlings earst yn febrewaris in Grou oan. De oarsprong fan it feest is lywols oars.

Foardat Fryslân kerstene waard fierden de minsken yn Fryslân it maitiidsfeest. Om't de tsjerke heidenske feesten ferfong troch kristlike feesten waard it maitiidsfeest feroare ta it feest fan Sint-Petrus (Sint-Piter).

Mei de iuwen is it Sint-Piterfeest hast oeral út de moade rekke, mar yn Grou is it bleaun. Wêrom't dat sa wie is net dúdlik. Faaks om't Sint-Petrus, de patroanhillige fan Grou wie en ek tsjintwurdich hat Grou noch altiten in Sint-Pitertsjerke. Faaks ek wie Grou sa isolearre troch it wetter dat âlde brûken dêr net sa maklik ferfongen waarden.

Feroarjend Sint-Piterfeest

bewurkje seksje

Yn de 19e iuw gie Sint-Piter yn in duffelske jas troch it doarp mei in keatling oan 'e foet. Op de jas hied er snobbersguod en fruit. As er dan in wente yn gong, koenen de bern der wat fan ôf helje. En dan gong er wer fierder.

Muorreskilderij Sint-Piter yn 'e Waachshaven

De bruorren Joast Hiddes Halbertsma en Eeltsje Halbertsma beskriuwe yn Rimen en Teltsjes it feest fan Sint-Piter. Kunde hie him as Sint-Piter mei in rûge mûtse op 'e holle, in siden doek om it gesicht sadat allinne de eagen te sjen wiene ferklaaid, wylst syn klean benaaid wiene mei Hamburger kreakelingen, apels, koeke en buortersguod. Hy frege as de bern leaf west hiene en doe't de mem "ja" sei mochten dy alles fan 'e klean plôkje.[1] Earne oars skriuwt Eeltsje Halbertsma oer de wenst dat jongerein fan de wat rikere Grousters mei in soad leven by de doarren fan earmere Grousters gyngen en mei pipernoaten struiden as der iepen dien waard. Neffens Joast Hiddes Halbertsma wie der ek in tradysje om yn 'e nacht fan 22 nei 23 febrewaris rûne weten boltsjes mei sjerp ferside te stopjen en moarns gyngen de bern dan te sykjen nei dy boltsjes. Letter kamen der Sint-Piterskoeken mei rymkes, taaimantsjes en taaiwiven, snobberij en oranjekoeke by, dêr't ek wol om dobbele waard.[2]

Oan it begjin fan de 20e iuw wie der net sa folle mear oer fan it âlde Sint-Piterfeest. Doe hat in beukerjuf út Grou, frou Jansen, de hjoeddeiske Sint-Piter betocht, mei syn sêfte wite burd, syn wite tabbert en reade miter en syn stêf, en ek it ferhaal oer de twa bruorren.

Oant 1941 kaam Sint-Piter yn 'e belslide oan, mar sûnt komt er mei de boat. Dêrnei rydt er op in Frysk hynder troch it doarp. Yn it ferline wie dy oankomst op 21 febrewaris, de nammedei fan Sint-Piter, mar sûnt 1971 komt Sint-Piter op de sneon foar dy dei oan.

Oant en mei 2020 kaam Sint-Piter altiten mei Swarte Pyt nei Grou. Yn 2020 waard dy persoan út it tradisjonele feest ferballe. Dêrmei waard yn 'e mjitte kommen oan de eask fan aksjegroepen om Swarte Pyt ôf te skaffen, dy't yn 'e persoan fan Swarte Pyt rassisme sjogge. Dyselde aksjegroepen demonstrearren ek in soad by yntochten fan Sinteklaas en op it Piterfeest stiene hja al sûnt 2016 alle jierren ta argewaasje fan in soad Grousters te demonstrearjen.[3][4][5] By de lêste kear dat de tradysje fan Swarte Pyt yn Grou oanholden waard, moast in plysjemacht fan 80 man sterk de demonstranten yn harren fak hâlde.[6]

Om de jimmeroan weromkommende oerlêst op it feest fan demonstraasjes tsjin te gean, fûn de organisaasje de oplossing om Swarte Pyt op wrâldreis te stjoeren en him te ferfangen troch Aldemar. Aldemar is in mantsje mei in burd, in hege hoed en in sinnebril, dy't mei syn famylje yn in beam wennet. Op syn rêch draacht er in grutte koer mei pipernuten.[7]

Sint-Piter yn Grou

bewurkje seksje

Hjoed-de-dei wurdt der yn Grou in soad dien om it Sint-Piterfeest yn stân te hâlden. Sa fiere de skoallen sûnt 1958 in dro k-besocht Sint-Pitermearke op. En om dat mooglik te meitsjen is der in Sint-Piterbeurs, dêr't moais en lekkers dat de Grousters sels makke hawwe ferkocht wurdt. De winkels yn it doarp dogge ek mei. Net allinnich mei Sint-Piterfersiering en muzyk, mar ek mei't skuontsjes fan de bern yn it doarp yn de winkel-etalaazjes set wurde mei in ferrassing der yn. De bern hawwe sa alle jierren in moaie speurtocht en sykje harren skuon.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: