Sint-Steffensdei
Sint-Steffensdei is de Twadde Krystdei, op 26 desimber. Dat is dus eins de dei nei de Kryst, dy't falt op 25 desimber. Sint-Steffensdei is ek de hjeldei fan de hillige Stefanus.
Twadde Krystdei
bewurkje seksjeYn Nederlân jildt ek dizze twadde krystdei as in feestdei. Dat jildt ek foar de measte oare Jeropeeske lannen en ek foar de lannen fan it Britske Steatebûn. Mar yn bygelyks de Feriene Steaten, Súd-Afrika en in soad oare lannen wurdt gjin twadde krystdei hâlden.
Yn Grut-Brittanje en it Mienebêst hjit Sint-Steffensdei Saint Stephen's Day, mar ek Boxing Day. In ferklearing foar de lêste namme is dat op dy dei faak de krystkiste (box) iepene waard. Yn de krystkiste koenen minsken in kado foar de earmen stopje. Ek waarden op Boxing Day de tradisjonele foksejachten hâlden. No is de dei wichtich foar oare sporten as fuotbal en hynsterezen. Der is lykwols in lyts ferskil yn betsjutting tusken de twa nammen: Saint Stephen's Day is 26 desimber, en Boxing Day is in dei nei Kryst. Yn guon gefallen mei dy dei gjin Snein wêze, dat dan kin it ek 27 Desimber wurde.
Yn Nederlân wurdt de twadde krystdei faak brûkt om wat te dwaan mei de neisten, bygelyks op besite by fierdere famylje, besyk oan in krystmerke of kuierje.
Hjeldei fan de hillige Stefanus
bewurkje seksjeDe hjeldei fan de hillige Stefanus waard ek nei de Reformaasje noch Sint-Steffen neamd. Der waard dan jûns dûnse en dronken yn de herbergen. Yn sechstjinde-iuwske stikken is sprake fan de 'Steffens horn' dêr't bier út dronken waard. Dat wie dus in drinkhoarn en gjin muzykynstrumint. Miskien sloech de rop: 'Goemoarn, Sint-Steffenshoarn', wêrmei't neffens Scheltema boeren elkoar op Sint-Steffensdei begroeten, op in drinkhoarn yn stee fan op in jachthoarn. De Sint-Steffenshoarn yn it Frysk Museum is nei alle gedachten in Twintske Midwinterhoarn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|