Sint-Willibrordtsjerke (Utert)

De Sint-Willibrordtsjerke oan de Minrebroederstraat yn Utert is in roomske tsjerke yn neogotyske styl. Oan de tsjerke gyngen in santjinde iuwske skûltsjerke oan de Dorstige hartsteeg en fanôf 1842 de provisoaryske Silotsjerke oan de Herestraat foarôf. Eigner fan de tsjerke is de Sint Willibrordus stifting, dy't troch pater Winand Kotte (* 1922 - † 2006) oprjochte waard. Sûnt 1976 is de tsjerke in ryksmonumint, dy't beskôge wurdt as ien fan de meast geve foarbylden fan de Utertse Skoalle yn de neogotyk en ta de bêste wurken fan de arsjitekt Alfred Tepe rekkene wurdt.

Sint-Willibrordtsjerke

Sint-Willibrordkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Utert
plak Utert
adres Minrebroederstraat 21
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1875-1877
arsjitekt W.V.A. Tepe
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 36364
offisjele webside
Sint Willibrordus stifting

De bou fan de Willibrordtsjerke sette yn 1875 útein nefffens in ûntwerp fan Alfred Tepe. Fanwegen de ynsletten romte tusken oare gebouwen liet Tepe in hegere en koartere tsjerke bouwe as wênst wie. Oan de oare kant fan de Minrebroederstraat hat de tsjerke in lytse kleastergong. Op 21 juny 1877 waard de tsjerke ynwijd troch aartsbiskop Schaepman * 1815 - † 1882), mar it duorre noch oant 1891 oant ek de ynrjochting ree wie.

 
Heechalter

De tsjerke is der foaral komd tanksij it Sint Bernulphusgild, in yn 1869 yn Utert stifte feriening fan preesters en keunsters dy't as doel hiene om roomske tsjerken te bouwen en yn te rjochtsjen yn neogoatyske styl. It gild stie in arsjitektuer foar dy't werom grypte op de Nederrynske goatyk. It fykwurk oan it tsjerkemeubilêr is ôfkomstich fan de byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg, de brânskildere ramen binne foar in part makke troch Heinrich Geuer en in soad smeiwurk troch Gerard en Jan Hendrik Brom. De kleurrike beskildering waard troch Chr. Lindsen oanbrocht. De doarren fan 'e tabernakel waarden yn 1939 skildere troch de Fryske skilder Jacob Ydema.

Wylst in soad neogoatyske tsjerken yn de jierren 1960 en 1970 harren rike ynrjochting ferlearen, ferboud of ôfbrutsen waarden, is it ynterieur fan de Sint-Willibrordtsjerke hast folslein bewarre bleaun. Ynearsten soe de tsjerke yn de, fral ek foar de Katolike Tsjerke, rûzige jierren 1960 ôfbrutsen wurde. Pater Winand Kotte en meistanners wisten it gebou lykwols oan te keapjen en te behâlden yn de tradisjonele steat. Sa is it gebou hjoeddedei ien fan de bêste tsjûgenissen fan de Utertske Skoalle yn de neogotyk. Tusken 1991 en 2005 hat in grutskalige restauraasje plakfûn.

Yn de iere jierren 1970 wie de tsjerke it sintrum fan tsjerklike striid tusken kardinaal Alfrink en pater Kotte, dy't de tsjerke foar de katolike earetsjinst behâlde woe en dêr de Mis ad orientem opdroech neffens de Novus Ordo Missae. Nei in pear herfoarmings bêde de ûnrêst del, alhoewol't it ierdsbisdom de Willibrordtsjerke net as in selsstannige parochy of diosesane ynstelling akseptearje woe.

Op 20 oktober 2008 waard bekendmakke dat de Sint-Willibrordtsjerke de bannen mei it aartsbisdom Utert wer ophelle. Aartsbiskop Wim Eijk hat de Sint-Willibrordtsjerke dêrnei oanwiisd as rektoraatstsjerke, d.w.s. in tsjerke mei in beskate foarm fan ûnôfhinklikens yn in katolike parochy. Op ynisjatyf fan Eijk fûn it gebrûk fan de tsjerke plak ûnder tafersjoch fan de Nederlânske Feriening foar Latynske Liturgy. De feriening krige dêrmei in fêste lokaasje yn Nederlân. Eijk hat op 25 jannewaris 2009 de tsjerke op 'e nij ynwijd.

 
Oersjoch ynterieur

De tsjerke, dy't oant 2005 restaurearre wie mei help fan katoliken, it Ryk en de gemeente, waard saaklik troch de stifting Culturele Evenementen Sint Willibrordkerk eksploitearre. Grutte opskuor ûntstie der yn 2014 nei't Dries Verhoeven yn de maitiid fan 2014 tsien kontroversjele foarstellings yn de tsjerke jûn hie. Underdiel fan de foarstelling wie in hilaryske "teätrale misse".[1] De foarstellings waarden troch it apostolaat fan de St. Willibrordtsjerke, ferantwurdlik foar de liturgy en it pastoraat, as "ûntwijend" beoardiele en ferwiet de stifting Culturele Evenementen Sint Willibrordkerk jimmeroan mear eigen rjochting en gjin rekken mear te hâlden mei de beheinings dy't it gebrûk fan in wijde katolike tsjerke meibringt. It apostolaat wegere noch langer mei te wurkjen oan missen yn de de facto ûntwijde tsjerke en op har oantrunen liet it bisdom de tsjerke offisjeel foar de earetsjinst slute.

Foar it behâld fan it gebou as katolike tsjerke en om de grutte groep fêste besikers fan de misse yn 'e mjitte te kommen, hie de eigner, de Sint Willibrordus stifting, de tradisjonele preesterbruorskip St. Pius X (SSPX) letter frege foar de betsjinning fan de sielssoarch. Mei goedfinen fan it apostolaat en it Bisdom Utert waard sûnt 2016 de tsjerke alle sneinen oan de preesters fan de SSPX beskikber steld. Doe't bekend waard dat de bruorskip de skulden foar de tsjerke oernimme woe en de preesters fan de bruorskip yn ruil dêrfoar in mearderheid yn de Sint Willibrordus stifting krije soe, besocht de stifting Culturele Evenementen Sint-Willibrordkerk dat op te kearen troch de publike opiny te mobilisearjen en de lannelike media yn te skeakeljen. Yn de berjochten waarden de tradisjonele preesters as fundamintalisten weisetten en der waard suggerearre dat de tsjerke foar oaren sletten wurde soe. Yn de simmer fan 2017 joech de ried fan de gemeente Utert lykwols tastimming oan de SSPX om de Willibrordtsjerke oer te nimmen. Op 12 novimber 2017 is de tsjerke troch de generaal-oerste, monseigneur Bernard Fellay, ynsegene.

Alhoewol't de tsjerke foar alles brûkt wurdt as godshûs, bliuwt it gebou ek ûnder lieding fan it bruorskip ek iepen foar kulturele aktiviteiten. Alle dagen wurdt it gebou boppedat iepensteld foar it publyk om it te besjen, mar ûnweardich gebrûk (dat yn striid achte wurdt mei wat akseptabel is foar in godshûs) wurdt langer net tastien. Dêrnjonken wol de SSPX de tsjerke brûke as missy-sintrum foar it werkristenjen fan it sekularisearre Nederlân. De missen wurde neffens de Tridentynske ritus opdroegen. [2][3]

It earste oargel waard yn 1885 troch Stulting & Maarschalkerweerd as twamanualich ynstrumint mei 16 registers boud. By in brân yn 1905 gyng it ferlern en Michaël Maarschalkerweerd boude foar de tsjerke dêrnei in nij ynstrumint mei 16 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal. Yn 1947 waard it front ferwidere en yn it ramt fan in renovaasje fan it ynstrumint troch Verschueren fan in modern front foarsjoen. Oargelfirma Elbertse restaurearre en fergrutte yn 1997-2005 it oargel. Tagelyk waard it ynstrumint in ferdjipping leger setten en krige it in nij neogoatysk front. Tsjintwurdich telt it 29 registers ferdield oer twa manualen en pedaal.[4][5]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Willibrordkerk (Utrecht)


Keppeling om utens