Hillige

(Trochferwiisd fan Sint (hillige))

In hillige is persoan dy't rûnom bekenstiet om syn bûtengewoane graad fan 'hillichheid', oftewol likenis mei God of de goaden. Alde, yn ûnbrûk rekke Fryske synonimen binne sant foar in manlike hillige en santinne foar in froulike hillige. Hoewol't de oantsjutting 'hillige' yn 'e regel assosjearre wurdt mei de roomsk-katolike, anglikaanske, eastersk-otterdokse en/of oriïntaalsk-otterdokse streamings fan it kristendom, brûke godstsjinsthistoarisy dyselde term no ek yn in bredere sin foar it soarte fan 'hillichheid' dat ek oare religyen oan beskate persoanen taskriuwe. Sadwaande wurde de tzadiks fan it joadendom, de mu'min fan 'e islaam, de rishi fan it hindoeïsme, de bodhisattva fan it boedisme en de goeroes fan it sikhisme no allegear wol oantsjut as hilligen.

Yn 'e tradisjonele kristlike ikonografy waarden hilligen ôfbylde mei strielekrânsen om 'e holle hinne, lykas op dizze werjefte fan it Lêste Jûnsmiel. (Merk op dat de ferrieder Judas Iskariot de iennichste is dy't gjin strielekrâns hat.)

Kristlike hilligen

bewurkje seksje

Yn beskate dielen fan it kristendom (eins alle streamings útsein it meastepart fan it protestantisme) wurde hilligen sjoen as midslju tusken de leauwenden en God, en wurde se fereare mei as doel om harren foarspraak by God ôf te smeekjen. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke moatte hilligen kanonisearre wurde om foar harren ferearing offisjele erkenning en goedkarring fan 'e Tsjerke te krijen. In hillichferklearring of kanonisaasje kin (tsjintwurdich) inkeld plakfine nei it ferstjerren fan 'e persoan yn kwestje, om't de kâns bestiet dat sa'nent by syn libben noch yn sûnde ferfalle kinne soe.

Nei syn of har dea jildt yn normale gefallen in wachtperioade fan tolve jier. Dan moatte der 'bewizen' sammele wurde fan twa wûnders dy't postúm ferrjochte wêze soene troch de persoan dêr't it om giet. As ien sa'n wûnder troch de Tsjerke erkend wurdt, kin de persoan yn kwestje sillich ferkearre wurde, wat yn 'e regel in opstapke is nei in hillichferklearring, dy't plakfynt sadree't twa wûnders erkend binne. Tsjintwurdich is de paus fan Rome de iennichste dy't noch in hillichferklearring útsprekke kin (yn 'e Midsiuwen koe eltse biskop dat dwaan). Fan dit stramyn kin ôfwykt wurde as de paus dat wol; dan kin it proses ferflugge wurde of kin immen sels sûnder ûndersyk nei wûndertekens by akklamaasje hillich ferklearre wurde. Dat lêste bart hjoed de dei frijwol nea mear.

As in persoan ienris hillich ferklearre is, kriget hy of sy in offisjele hjeldei taparte. De Roomsk-Katolike Tsjerke ûnderskiedt fjouwer soarten hilligefierings:

Guon hilligen dy't wol fereare wurde, binne feitlik nea offisjeel hillich ferklearre. Sokke persoanen wurde folkshilligen neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.