Sint-Janstsjerke (Skylge)

(Trochferwiisd fan Sint Janstsjerke)

De Sint-Janstsjerke yn Hoarn op Skylge is ien fan de âldste bouwurken op it eilân.

Sint Janstsjerke fotografearre yn westlike rjochting

It gebou is út de 13e iuw. Yn 1230 wie der al sprake fan de bou fan in kapel op dit steed. It is in ienbeukige tsjerke mei in lytse, mar swiere toer oan de westkant. De tsjerke wurdt brûkt foar tsjerketsjinsten fan de Herfoarme gemeente East Skylge en foar brulloften en konserten.[1] Om de tsjerke is in tsjerkhôf dat nog altyd as begraafplak brûkt wurdt.

Ynterieur

Tusken 1963 en 1969 waard de tsjerke restaurearre. Yn de romte ûnder de toer binne foarwerpen as munten en boufragminten te besichtigjen dy't by de restauraasje yn de boaiem fûn binne. De tsjerke is in Ryksmonumint.[2]

It oargel is boud yn 1894 troch J.F. Kruse út Ljouwert. It is in ienklaviers oargel mei oanhong pedaal. Hjirûnder de disposysje:[3][4]

Haadwurk C-f’’’
Prestant 8’
Lytse Bourdon 8’
Viola da Gamba 8’
Oktaaf 4’
Fluit d’amour 4’
Kwint 3’
Oktaaf 2’
Mikstuer
Pedaal C-g
Oanhong

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://kerkenopterschelling.nl/taxonomy/term/11/0 Herfoarme gemeente East Skylge
  2. Ryksmonumint 35084 op www.kich.nl
  3. http://www.boogert-beeke.nl/orgel/hoorn.htm
  4. http://www.orgelsite.nl/kerken21/hoorn1.htm