Sipke Swierstra
Drs. Sipke Bartele (Sipke) Swierstra (Ljouwert, 11 augustus 1951 is in Nederlânske politikus fan Frysk komôf. Hy is fan de VVD. Fan 1 novimber 2013 oant 15 novimber 2021 wie er waarnimmend boargemaster fan Feandam.[1]
Sipke Swierstra | ||
politikus | ||
echte namme | Sipke Bartele Swierstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 11 augustus 1951 | |
berteplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | VVD | |
Lid Deputearre Steaten fan Drinte | ||
amtsperioade | 1991 – 2007 | |
Lid Deputearre Steaten fan Drinte | ||
amtsperioade | 2010 - 2011 | |
Boargemaster fan Feandam | ||
amtsperioade | 2013 - 2021 | |
foargonger | Ab Meijerman | |
opfolger | Berry Link |
Libbensrin
bewurkje seksjeSwierstra is hikke en tein yn Ljouwert. Hy gie nei it Steds Gymnasium Ljouwert, wêrnei't er oan de Ryksuniversiteit Grins syn doktoraal helle foar de stúdzje bestjoerswittenskippen.
Swierstra wie fan 1991 oant 2007 deputearre yn de provinsje Drinte. Yn 2010 waard er foar in jier wer weromfrege as deputearre. Op 1 novimber 2013 waard er beneamd ta waarnimmend boargemaster yn de gemeente Feandam. Njonken syn politike wurkpaad wie er ek warber as algemien siktaris fan de Feankoloniale Boerebûn yn Feandam.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |