Sippe fan Meckema (-1519)
Sippe fan Meckema of Sippe Wibalda (stoarn yn Brussel, 19 augustus 1519) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.
Biografy
bewurkje seksjeFan Meckema wie in soan fan Pybe fan Eernsma en Wyts van Meckema († 1475). Sippe wie in telch út de famylje Fan Meckema, in foaroansteand laach út Kollum. Sippe syn heit kaam út de Ommelannen en soe him nei syn frou Meckema neame.[1]
Nei alle gedachten wie Fan Meckema al yn 1503 grytman fan Kollumerlân. [2] Yn it testamint fan syn efterneef en nammegenoat, Sippe fan Meckema (†1599), wurdt melding makke fan in saneamde Grijtsclaeu: in klaufoarmich foarwerp dat symboal stiet foar de weardichheid fan de grytman en dat blykber famyljebesit wie.[3]
Yn 1505 komt Sippe foar op in list fan ealju. Sippe wie yn dy tiid oanhinger fan de Skieringers. [4] Yn 1511 hie er ûnder mear besit yn Stynsgea en Surhuzum. [1] Yn Mitselwier wied er eigener fan de stins Wibalda dy't er ferhierde. Nei dy stins soe er him ek Sippe Wibalda neame [5] Dat goed soe noch wat generaasjes yn it besit fan de famylje Fan Meckema bliuwe.[6] Yn 1515 komt er foar as Sybe Meckama.[7] Hy swarde trou oan Keizer Karel V en waard dêrom ferballe út it fierder nei Gelre niigjende Eastergoa. Hy krige wol in Boergondyske útkearing.[8] Fan Meckema waard yn 1515 as grytman opfolge troch de Gelderskgesinde Gaycke fan Broersma.
Sippe ferstoar yn Brussel en waard dêr byset yn de Katedraal fan Sint-Michiel en Sint-Goedele. [2]
Priveelibben
bewurkje seksjeSippe boaske oan Fedt van Ropta († 1519), dochter fan Sybren fan Ropta en (syn twadde frou) Kinsck fan Sythjema. As mooglike soan út dit houlik wurdt Sybe fan Meckema (1515) neamd dy't yn 1515 ien fan de hearskippen wie dy't keizer Karel V huldige. Sippe sels waard ek as Sybe neamd, dat se kinne deselde persoan wêze.
-
Grêfstien yn de tsjerke fan Kollum fan Sippe syn mem Wyts fan Meckema en suster Tieth.
-
Binhûs fan de pleats Wibaldastate yn Metslawier (1965).
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|