Mitselwier

(Trochferwiisd fan Metslawier)

Mitselwier is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Mitselwier leit noardlik fan Eastrum, eastlik fan Nijewier en súdwestlik fan Moarre. Mitselwier hat 885 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Mitselwier
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 885 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,66 km², wêrfan:
lân: - 3,61 km²
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 243 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 6° 04' E
Offisjele webside
www.mitselwier.nl
Kaart
Mitselwier (Fryslân)
Mitselwier

De buorskippen Ropta en De Reidswâl (diel) hearre ek by Mitselwier.

It doarp komt yn 1417 foar yn in tekst as tho Mitzlawere. It earste part fan dy namme giet wierskynlik werom op de manljusnamme Matsila, dêr't de bestjutting 'bewarplak' yn sit. 'Wier' hat as grûnslach it wurd 'werf'. Hjoed-de-dei is in wier synonym foar 'terp.'[3] Yn de rin fan de tiid waard it doarp ek as Matsilawier, Metzlawier en Mijtslawier en noch mear farianten oantsjut.

De gefolgen fan de Alderheljenfloed

bewurkje seksje
 
Gevelstien oan it koer fan de tsjerke ta neitins oan de Alderheljenfloed fan 1570

De Alderheljenfloed fan 1570 hat grutte gefolgen foar East-Dongeradiel hân. Der giet in ferhaal dat der net sa fier fan Mitselwier in kabbeljau fongen waard. De gritenijsiktaris, Arend Boymer, soarge der foar dat de fisk oanbean waard oan steedhâlder Willem Loadewyk. Dy waard lykwols earst yn 1584 steedhâlder fan Fryslân, dat it ferhaal doocht net hielendal.

Yn 1592 waard der risselwaasjes makke om it lân feiliger te meitsjen: der kaam in nije seedyk en der waard ek noch in stik lân ynpoldere yn it noarden fan Eastdongeradiel: de Eanjumer- en Ljussenserpolder. Deputearre Steaten joegen Ernst fan Aylva it tafersjoch dêr oer.

It âlde gemeentehûs

bewurkje seksje
 
Mitselwier yn 1834

Yn earder tiden hâlde de gritenij har gearkomsten yn in herberch; yn Mitselwier stie dy herberch op it plak fan it lettere gemeentehûs oan de Balthasar Beckerstrjitte. Yn 1837 waard de herberch oankocht troch de gritenij, it waard doe noch wol in skoft ferhierd as herberch.

Yn 1876 wie it gemeentebestjoer fan betinken dat it tiid waard dat der in nij gemeentehûs komme moast. It âlde rjochthûs waard ôfbrutsen. Op 20 febrewaris 1877 waard de earste gearkomste hâlden yn it nije gemeentehûs ûnder lieding fan boargemaster Sybrand Witteveen. In part fan it gemeentehûs hat doe noch oant 1909 yn gebrûk west as herberch.

Mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard it gemeentehûs oerstallich. It is doe earst noch in skoft brûkt troch it Wetterskip, mar wurdt no brûkt as wenhûs, in Thomashûs.

Doarpsfernijing

bewurkje seksje

Der is yn Mitselwier in protte dien om it doarp yn âlde steat te hâlden. De doarpsfernijing yn it begjin fan de jierren 1970 krige ek fan bûten Fryslân omtinken. Dat hie benammen te krijen mei it opknappen fan de Tsjerkebuorren, in stik as wat steechjes om de tsjerke midden op de terp hinne.

 
Kadastrale kaart út 1832 mei de states fan Mitselwier
 
Ropta State, 1723

De wichtichste state fan Mitselwier wie Ropta of Ropperda, dat al yn de 13e iuw neamd wurdt. De Ropta's wie in machtich slachte. De Ropta's dy't it measte namme makke hawwe, wiene Worp fan Ropta († 1302) en Worp fan Ropta (* 1505 - † 1551).

Oan de súdkant fan de tsjerke lei de state Wibalda. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt de tún en it hûs fan Wibalda-state neamd. Direkt eastlik fan 'e tsjerke, mei in grêft rûnom, lei Jaarsmastate, yn de 18e iuw werneamd ta Uniastate. Fan dy states, dêr't neat fan oer is, wurdt oannaam dat it stinzen west hawwe; fan de neikommende states is dat net wis.

 
Kop-hals-romppleats Master fan Loanstrjitte

Noardeastlik fan it doarp lei Fridhuistrastate, dat lykwols ta de himrik fan Moarre hearde, op in lege hichte (pleatslik bekend as 'it âld heech') mei in, diels noch besteande, grêft omjûn. Fan Fridhuistra rûn in reed dy't oansluet op De Singel. It terpke wurdt beskôge as archeologysk tige wichtich en hat de status fan beskerme terrein.[4]

De kop-hals-romppleats oan eastrâne fan de terp (oan de Master fan Loanstrjitte) is Oldhuistra (state), dy't foar it earst yn it Register van den Aanbreng fan 1511 neamd wurdt.

De ferbining mei Nijewier wie lange tiid in kuierpaad troch it fjild; earst yn 1876 waard der in ferhurde dyk oanlein. Meidat it Dokkumer Lokaeltsje op 1 oktober 1901 oant Mitselwier trochlutsen waard, krige dy strjitte yn de beboude kom al gau de namme Stasjonswei. Lang is it spoar net brûkt: op 30 juny 1936 ried de lêste reizgerstrein tusken Dokkum en Mitselwier. It spoar tusken Eanjum en Dokkum is yn 'e Twadde Wrâldkriich opbrutsen. Oan de westkant fan it doarp leit al noch in stik fan de eardere spoardyk, mei it âlde stasjon dat no brûkt wurdt as wenhûs.

Kristlik ûnderwiis

bewurkje seksje
 
Monumint Balthasar Bekker oan de
B. Bekkerstrjitte

Op 22 maart 1922 krige Mitselwier in kristlike legere skoalle. Foar dy datum wienen de bern foar kristlik ûnderwiis oanwiisd op de skoallen yn Nijewier en Easternijtsjerk. Yn 1978 kaam der op it stee fan de âlde skoalle in nijenien. Yn 1985 waarden de beukerskoalle en de legere skoalle gearfoege ta in basisskoalle dy't de namme 'De Rank' krige.[5]

Op 1 novimber 1965 iepene âldereintehûs De Skûle oan de Stasjonswei de doarren foar de earste bewenners. Yn 1975 waard der in nije fleugel oanboud, mei om plak te meitsjen foar de bewenners fan it eartiidske Bumahûs út Eanjum. Yn 1983 wie der in grutte renovaasje fan it gebou. It earste part fan it hjoeddeiske kompleks waard yn 2003 yn gebrûk nommen en waard it âlde gebou sloopt. Op 18 juny 2004 wie de offisjele iepeing fan it multyfunksjonele gebou De Skûle fan no [6]

  De Wikipedy hat ek in side Doarpstsjerke (Mitselwier).
 
PKN-tsjerke Rehoboth

De Doarpstsjerke is yn 1776 boud. Hy kaam yn 't plak fan in eardere tsjerke út wierskynlik de 13e iuw. J. Stellingwerf syn tekening út 1722 lit in tsjerke sjen mei in mânske sealtektoer. By de restauraasje yn 1970 binne oerbliuwsels fan midsiuwske flierren oan it ljocht kaam. De toer is yn 1925 ek alris restaurearre.

Yn de tsjerke is in tinkstien foar Balthasar Bekker, predikant en ien fan de earste filosofen fan de Ferljochting, dy't yn Mitselwier berne waard as soan fan dûmny Henricus Bekker út Bielefeld.

Yn de bûtenmuorre fan it koar is in tinkstien oanbrocht dy't seit hoe heech it wetter stien hat by de Alderheljenfloed fan 1570. Dêr binne doe 1.800 minsken by omkommen yn de Dongeradielen.

It oargel is yn 1819 boud troch J.R. Radersma en L. van Dam & Sn. It hat in skoft yn Spannum stien. Yn 1852 is it nei Mitselwier oerbrocht. Yn 1986 hat Mense Ruiter Orgelmakers it werombrocht sa as it foar Spannum boud wie.

Yn de tsjerke leze grêfstiennen foar Focke fan Ropta, Worp fan Ropta (1504) en Wick fan Abinga, Christoffel fan Sternsee († 1560) en Cunera fan Ropta († 1555). Op it tsjerkhôf leit Rintie fan Aytta, de broer fan steatsman Viglius fan Aytta, mei syn frou. Rintie fan Aytta hat fan 1552 oant 1570 grytman west fan Eastdongeradiel.[7]

Yn 2015 en 2016 waard de tsjerke ferboud en restaurearre nei't er ferkocht wie troch de tsjerklike gemeente oan de Stichting Doarpstsjerke. De tsjerke waard in multyfunksjoneel mienskipshûs, mar bliuwt ek beskikber foar spesjale tsjinsten by gelegenheid fan houliken, begraffenissen en betinkingen.

Oan de Balthasar Bekkerstrjitte stiet Rehoboth, de eardere grifformearde tsjerke en tsjintwurdige PKN-tsjerke fan Mitselwier.

Sûnt 2019 leit Mitselwier yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel. Mitselwier hat altyd haadplak west fan East-Dongeradiel.

 
Tennispark 'Worp fan Ropta'

Under de feriening foar Doarpsbelang falle ek de Werynrjochtingkommisje, de Grienkommisje, it Iiskomitee, de Aldjierskommisje en de Braderykommisje. Buorljuhelp Mitselwier-Nijewier-Wetsens is in tsjinst foar buorljuhelp.

'De Rank' is de basisskoalle en 'De Pikestjelp' it pjutteboartersplak. Yn 1978, 1993 en 1997 (skoalreüny) en 2008 wie in doarpsreüny. By it lêste barren is ek in fotoboek útbrocht oer Ald en Nij Mitselwier.

 
Kafee Veldzicht

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2008 2013 2014 2015 2016
Ynwenners 645 597 677 847 824 920 935 910 920 910 910
Jier 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 908 910 910 915 900 880
 
Tinkstien foar Balthasar Bekker yn de Doarpstsjerke
 
Tsjerkebuorren 5-7
 
Balthasar Bekkerstrjitte
 
Ropster mûne
  • Eartiids wie der lange tiid in Ielreagerkoloanje yn it doarp yn de beammen fan de singel om de pleats 'Reigershof'.
  • Tilburch hat in Metslawierstraat.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Doede Douma "100 jaar Begrafenisvereniging Helpt Elkander te Metslawier"
  • Warner Banga, Harm Woelinga "Skoalle Meitsje -75 jaar Christelijk Onderwijs in Metslawier"

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Pieter Duijff, Plaknammen, Frysk Deiblêd 2 maart 2019
  4. F. B. Postma-Saan, Steekproefrapport 2009-04-03 ISSN 1871-269X Metslawier, kassencomplex Ropta, gemeente Dongeradeel. Buro 'De Steekproef' bv, Súdhorn
  5. Warner Banga, Harm Woelinga, 'Skoalle meitsje' - 75 jaar christelijk onderwijs in Metslawier 1922-1997.
  6. Wâldnet, 1 novimber 2005. Sjoen op 10 septimber 2019
  7. Ieuwenâlde grêfstien ûntdutsen yn Mitselwier. Augustus 2015
  8. metslawjisters.nl

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·