Sisian
Sisian (Armeensk: Սիսիան [sisˈjɑn]) is in lytse stêd en gemeente yn 'e Armeenske provinsje Sjûnik. Sisian leit oan beide kanten fan 'e Vorotan-rivier op in hichte fan 1600 m boppe seenivo, 217 km súdeast fan Jerevan en 115 km noard fan 'e provinsjale haadstêd Kapan.
Sisian Սիսիան | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
provinsje | Sjûnik | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 13.179 (2022) | |
Hichte | 1.600 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+4 | |
Koördinaten | 39°31'N 46°1'E | |
Offisjele webside | ||
sisian.am | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeSisian leit yn it súdeasten fan Armeenje, yn in bercheftige omjouwing. De stêd leit oan 'e iggen fan 'e Vorotan op in hichte fan trochsneed 1600 m, op sa'n 6 km fan 'e autodyk dy't Armeenje mei Iran en Nagorno-Karabach ferbynt.
Omjouwing
bewurkje seksjeOm Sisian binne in soad histoaryske nijsgjirrichheden, dy't út de tiid fan it Paleolitikum en de iere Brûnstiid datearje.
De berch Ughtasar is in berch yn it sintrale diel fan it Sjûnik-plato op likernôch 30 km fan Sisian. By de berch waarden yn 1968 tekeningen yn 'e rotsen ûntdutsen. De likernôch 2.000 Ughtasar-petrogliven foarmje ien fan 'e âldste fynplakken mei rotstekeningen fan 'e wrâld. Se datearje út de 12e iuw f.Kr.
Yn 'e omjouwing fan 'e stêd leit de archeologyske lokaasje Zorats Karer, dat ek wol it Armeenske stonehenge neamd wurdt. Zorats Karer bestiet út in sintrale sirkel, in noardlike earm, in súdlike earm, in noardeastlike passaazje, in rige om de sintrale sirkel en frijsteande stiennen. Der binne meiïnoar 223 menhirs identifisearre.
It doarp Aghitu 7 km east fan Sisian is ferneamd fanwegen it mausoleum en it begraafplak út de 6e oant 7e iuw. In monumint mei ryk bewurke pylders stiet boppe it mausoleum. Goed fiif km fierder eastlik leit Vorotnavank.
Seis kilometer noardwestlik fan Sisian, súdlik fan it doarp Sjaki, is in grutte wetterfal in natoermonumint.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Stedhûs Sisian.
-
19e iuwske brêge.
-
Zorats Karer.
-
Wetterfal fan Sjaki.
-
Mausoleum Aghitu.
-
Ughtasar-kratermar
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sisian fan Wikimedia Commons. |