Sjapoer I
Sjapoer I (omtrint 215 – 270), soan fan Ardasjir I wie kening fan de Sassaniden (Perzje) fan 241 oant 270. Hy stiet bekend as in gefaarlike tsjinstanner fan de Romeinen dy't twa kear in keizer fersloech. Syn titel wie sjahansjah oftewol "Kening fan de Keningen fan Iran en net-Iran".
Skiednis
bewurkje seksjeSjapoer wie in grutte fijân fan it Romeinske Ryk en wurdt yn har skiednisboeken in destruktive feroverer neamd, te fergelykjen mei Hannibal. Om 241 hinne begûn er Romeinske gebieten binnen te fallen en ferovere Syrje, Armeenje, en ferskate stêden yn Mesopotaamje. Keizer Gordianus III besocht yn 243 Syrje werom te winnen (sjoch de slach by Resaina), mar in oare keizer Falerianus I wie pas yn 260 by steat om Sjapoer Syrje wer út te driuwen. Lykwols foel by Edessa dizze keizer, dy't mei in lytse delegaasje op delkommen wie om te ûnderhanneljen, libben yn hannen fan Sjapoer.
De 65-jierrige Falerianus ûndergie wiken en moannen lang de skriklikste fernederingen ear't er lang om let terjochtstelle waard en as in opsetten trofee yn it keninklik paleis tentoansteld waard.
Nei syn morele oerwinning foel Sjapoer Syrje op 'e nij binnen, mar diskear waard hy ferslein troch Callistus "Ballista", prefekt oansteld troch Gallienus, soan en opfolger fan Falerianus. It weromlûkende leger fan de Perzen waard opnij en yn de rêch oanfallen troch Odaenatus, kening fan Palmyra, dy't de Perzen foarfêst ferdreau en de provinsje Mesopotaamje werovere.
Sjapoer waard troch syn soan Hormazd I opfolge.
Godstsjinsten
bewurkje seksjeYn it ryk fan Sjapoer libben boedisten, kristenen, joaden en soroästrianen njonken inoar en dat late faak ta ûnienigens. It prysterskip fan de zoroastrjers, de mobads fan de Magy, wie net bot tolerant en woe sels de macht hawwe yn it ryk. Sjapoer waard troch syn broer Peros foarsteld oan de profeet Many dy't in syntese woe fan al dizze godstsjinsten. Sjapoer wie hiel bot ûnder yndruk fan him en grut foarstanner fan it ferienigen fan alle leauwen. De kening makke de profeet ta earelid fan syn keninklike hofhâlding. Op dizze wize koe it manigeïsme him hurd yn it ryk ferspriede ta grutte ergernis fan de Magy. [1]
Literatuer
bewurkje seksje- ↑ Shadows in the desert. Kaveh Farokh, Osprey publishing, 2007 ISBN 978-1-84603-108-3