Michail Saltykov

(Trochferwiisd fan Sjtsjedrin)

Michail Jevgrafovitsj Saltykov-Sjtsjedrin (Михаил Евграфович Салтыков-Щедрин); 27 jannewaris 1826/15 jannewaris 1826 yn it doarp Spas-Ugol, gûvernemint Tver - 10 maaie1889/28 april 1889 yn Sint Petersburch), better bekend ûnder syn skriuwersnamme Sjtsjedrin (Щедрин), wie in ferneamde Russyske satirikus yn de 19e iuw. Nei de dea fan de dichter Nikolai Nekrasov, waard er redakteur fan it wichtige Russyske tiidskrift "Современникъ" (Sovremennik).

Saltykov-Sjtsjedrin troch I.N. Kramskoj

De famylje Golowljow

bewurkje seksje

Saltykov hat in grut oeuvre neilitten, ien wurk dêrút wurdt ta de klassikers fan de Russyske literatuer rekkene: De famylje Golowljow (1880). Dy satiryske sosjale roman giet oer it morele, fysike en geastlike ferfal fan de famylje Golowljow en de Russyske provinsjale adel yn it generaal. “De famylje Golowljow” is in markant foarbyld fan it Russysk kritysk realisme. It boek is een korreksje fan it byld fan de provinsje sa't dat bygelyks troch Tolstoj en Toergenjev oproppen wurdt.

“De familie Golowljow” waard opnaam yn de Russyske Bibleteek fan Utjouwerij Van Oorschot.

Literatuer en boarnen

bewurkje seksje
  • E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utert
  • Karel van het Reve: Geschiedenis van de Russische literatuur, 1985, Amsterdam
  • A. Bachrach e.o.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum
  • Maarten Tengbergen: Klassieken van de Russische literatuur, 1991, Utert