Ivan Toergenjev
Ivan Sergejevitsj Toergenjev, (Russysk: Иван Сергеевич Тургенев, Ivan Sjergjejevič Turgjenjev) (Orjol, 9 novimber 1818 - Bougival, 3 septimber 1883) wie in Russysk romanskriuwer, toanielskriuwer en dichter. Syn roman Otsy i deti ('Heiten en soannen') wurdt beskôge as ien fan de grutte wurken fan 19e-iuwske fiksje.
Biografy
bewurkje seksjeToergenjev wie fan aadlik komôf. Tusken 1834 en 1837 studearre hy letteren en filosofy yn Sint-Petersburch en fan 1838 oant 1841 yn Berlyn. Toergenjev hat in grutte ynfloed hân op de ûntjouwing fan de Russyske literatuer. Net allinnich troch syn eigen wurk, mar ek troch syn oersettings dy't de Russyske literatuer yn it Westen bekend makke hat. Karel van het Reve ûntfong yn 1979 de Martinus Nijhoff-priis foar syn oersettingen fan wurk fan Toergenjev.
Toergenjev hat nea troud west, mar hie al in bern by in tsjinstfaam fan syn âlden. Yn 1843 rekke er fereale op de Frânske mezzo-sopraan Pauline Viardot nei't er har yn in útfiering fan De Barbier fan Sevilja heard hie yn Ruslân. Yn 1845 ferliet er Ruslân om Pauline folgje te kinnen en úteinlik wenne er sels by de Viardots yn, yn Baden-Baden en Parys. Hy behannele harren bern as eigen en oanbidde Pauline oant syn dea. Sy skreau kritiken oer syn wurk en joech heech op fan him yn it iepenbier. De eksakte steat fan harren relaasje is nea hielendal dúdlik wurden.
Yn Parys hie Toergenjev kontakt mei Frânske skriuwers; syn bêste literêre freon wie Gustave Flaubert dy't him omskreau as 'in sêfte par'. Ek de bruorren Edmond en Jules de Goncourt, Emile Zola, Alphonse Daudet en George Sand hie er kunde oan. Syn ferhâlding mei Lev Tolstoj en Fjodor Dostojevski wie muoisum. Benammen harren religieuze preökkupaasjes koe er net folle mei.
Toergenjev stoar yn Bougival, by Parys, op 4 septimber 1883 mei Pauline oan syn side. Op syn stjerbêd skreau er Tolstoi: "Myn freon, kear werom nei de literatuer!" Neitiid hat Tolstoi noch sok wurk as 'De Dea fan Ivan Iljitsj' en 'De Kreutzer Sonata' skreaun.
De yn 1979 ûntdutsen Asteroïde 3323 Toergenjev is nei de skriuwer neamd.
Bibliografy
bewurkje seksje- 1843 - Parasja (poëzij)
- 1844 - Andrej Kolosov (proaza)
- 1850 - In moanne op it lân (toanielstik)
- 1851 - In dame út de provinsje (toanielstik)
- 1852 - Zapiski ochotnika (Oantekeningen fan in jager) (essays)
- 1854 - Moemoe (novelle)
- 1856 - Roedin (roman)
- 1856 - Faust (novelle)
- 1858 - Dvorjanskoje gnezdo (It adelsnêst) (roman)
- 1860 - Nakanoene (Op de foarjûn/De jûns der foar) (roman)
- 1860 - Earste leafde (novelle)
- 1862 - Otsy i deti (Heiten en soannen) (roman)
- 1867 - Dym (Reek) (roman)
- 1877 - Nov' (Nije grûn) (roman)
Oersettings yn it Nederlânsk
bewurkje seksje- 1869 - Vaders en zonen (oerset troch J.J.A. Goeverneur)
- 1907 - Klop... klop... klop... (oerset troch Z. Stokvis)
- 1920 - Het onbetreden land (oerset troch Suzette van Lennep en Ljoeba Dworson)
- 1920 - Klara Militsj (oerset troch Else Bukowsky)
- 1921 - De eerste liefde (oerset troch Ljoeba Dworson)
- 1947 - Hamlet en Don Quichote (oerset troch Aleida G. Schot)
- 1948 - Jagersverhalen (oerset troch Wils Huisman)
- 1951 - Een koning Lear van de steppe (oerset troch Aleida G. Schot, yllustrearre troch Bob Buys)
- 1955 - Verzamelde werken I - Roedin; Het adelsnest; Aan de vooravond; Vaders en zonen (oerset troch Karel van het Reve)
- 1955 - Verzamelde werken II - Jagersverhalen en andere verhalen (oerset troch Wils Huisman e.a.)
- 1955 - Verzamelde werken III - Eerste liefde; De ongelukkige; Na de dood (oerset troch Carl en Rebecca Ebeling)
- 1958 - Verzamelde werken IV - Rook; Een maand buiten; Nieuwe gronden (oerset troch Karel van het Reve)
- 1965 - De literator en de holbewoner (hûndert brieven) oerset troch Karel van het Reve)
- 1965 - Een koning van de steppe. Asja (troch Dunya Breur)
- 1974 - Herinneringen (troch Charles B. Timmer)
- 1984 - Faust en andere verhalen (troch Marja Wiebes en Yolanda Bloemen)
- 1985 - Brieven (troch Tom Eekman, Prive Domein 113; seleksje fan 400 brieven)
- 1987 - De droom en andere verhalen (troch Yolande Nanninga en Peter Wezel)
- 1988 - Verzamelde werken V - Brieven (troch Karel van het Reve en Arie van der Ent)
- 1991 - Vaders en zonen (troch Marja Wiebes en Yolanda Bloemen)
- 2008 - Hamlet en Don Quichot. Egoïsme en idealisme. (troch dr. Emmanuel Waegemans)
- 2020 - Romans (Vaders en zonen, Roedin, Het adelsnest, Aan de vooravond en Rook, fertaald troch Froukje Slofstra)
Oer Toergenjev
bewurkje seksje- 1959 - Avrahm Yarmolinsky: Turgenev: the man, his art and his age (biografy)
- 1963 - Tom Eekman: Zes Russische klassieken
- 1980 - A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur
- 1985 - Henri Troyat: Toergenjev (biografy)
- 1985 - Karel van het Reve: Geschiedenis van de Russische literatuur
- 1986 - E. Waegemans: Russische letterkunde
- 1991 - Maarten Tengbergen: Klassieken van de Russische literatuur
- 2003 - Daphne Schmelzer: Toergenjevs liefde (biografysk)
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ivan Turgenev fan Wikimedia Commons. |