Skearmês fan Ockham

It skearmês fan Ockham, ek bekend ûnder de Ingelske oantsjutting Ockham's razor (Latyn: lex parsimoniae, de wet fan de sunigens), is de stelling dat wannear't ferskate hypotezen fan in ferskynsel yn likese mjitte eat dúdlik meitsje kin, de hypotese keazen wurde moat dy't de minste oannamen befettet en de minste entiteiten as wier oannimt. Oars sein: de ienfâldichste ferklearring is meastal de goede. It is in begjinsel út de kennisteory dy't taskreaun wurdt oan de fjirtjinde iuwske Ingelske skolastyske filosoof Willem fan Ockham (1287-1347), in fransiskaner muonts.

In manuskript-yllustraasje fan Willem fan Ockham om 1341 hinne

It betsjut dat net it bestean fan eat as foar wier oannommen wurde moat as de ûnderfinings ek op in oare manier ferklearre wurde kinne. Yn it Latyn: Entia non sunt praeter necessitatem multiplicanda, dat is 'ien moat de ienheden (postulearre foarwerpen yn in hypotese) net sûnder needsaak fermannichfâldigje'.

It "skearmês", in begryp dy't Ockham sels net brûkte, symbolisearret it fuortskearen fan alle ûnnedige yngewikkelde dingen en kom út by de meast ienfâldige ferklearring. Ockham brûkte dat begjinsel om spekulative begripen ôf te wizen. Dat paste yn syn filosofy fan it nominalisme, de opfetting dat ûntaastbere begripen net op harren sels bestean, mar allinnich helpkonstruksjes binne fan de minsklike geast.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch bronnen, noten en/of referenties op dizze side.