Skoalle foar Wis- en Seefeartkunde
De Skoalle foar Wis- en Seefeartkunde (Nederlânsk en offisjeel: School voor Wis- en Zeevaartkunde) wie in skoalle foar ûnderwiis op it mêd fan 'e seefeart, dy't fêstige wie yn 'e Fryske stêd Harns. Dit ynstitút wie in hegere seefeartskoalle, ferlykber mei de tsjintwurdige Hegere Seefeartskoalle Willem Barentsz yn West-Skylge.
Skoalle foar Wis- en Seefeartkunde School voor Wis- en Zeevaartkunde | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | skoalle | |
wurkmêd | seafeartûnderwiis | |
fêstige yn | Harns (Fryslân) | |
oprjochte | 1818 | |
opdoekt | 1934 |
De Skoalle foar Wis- en Seefeartkunde waard oprjochte yn 1818, en bestie 116 jier oant de opheffing yn 1934. De skoalle levere fan it begjin ôf oan in protte stjoerlju en kapteins ôf, en fersoarge letter, nei de yntroduksje fan 'e steamfeart, ek in oplieding foar skipsmasinisten.
Nei de opheffing fan 'e Skoalle foar Wis- en Seefeartkunde ûntstiene der yn Harns oare opliedings foar deselde beroppen, lykas de Maritime Akademy Harns (foar stjoerlju en kapteins), de Binnenfeartjûnsskoalle (foar binnenskippers), de Ambachtsskoalle (foar masinisten) en de Middelbere Skoalle foar Skipswurktúchkundigen.
Yn 'e simmer fan 2018 waard oandacht bestege oan 'e Skoalle foar Wis- en Seefeartkunde yn it ramt fan 'e tentoanstelling Een Droom... aan Duigen oer 200 jier maritym ûnderwiis yn Harns en de argeologyske fynsten út it Harnzer kofskip De Jonge Seerp, dy't op 11 juny 1791 by in stoarm foar de Poalske kust yn 'e Baai fan Gdańsk te sink gie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|