Skobbige inketswam

De skobbige inketswam (Coprinus comatus) is in soad foarkommende inketswam fan it skaai Coprinus. De skobbige inketswam is in nematofage (nematoaden itende) skimmel. Troch de skobbige hoed fan 'e poddestoel hat er syn Ingelske bynamme lawyer's wig (advokateprûk) te tankjen. Eartiids waard it focht fan 'e swam ek wol brûkt as skriuwinket.

skobbige inketswam
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje sjampinjoneftigen (Agaricaceae)
skaai inketswammen (Coprinus)
soarte
Coprinus comatus
(Müller) Pers. (1797)
 
Skobbe inketswam, jong stadium.

Ynearsten is de 5-15 sm hege hoed fan 'e skobbige inketswam aai- oant klokfoarmich. It oerflak is beset mei in soad skobben. De boppekant is gielich oant brún, wylst de skobben yn 'e regel wyt binne. As de poddestoel âlder wurdt, skuort de hoed en begjint dan nei bûten ta omheech te kroljen. De wite plaatsjes ferkleure dan en wurde lang om let swart. De holle stâl is 10 oant 20 sm heech mei in losse ring, dy't gau ôffalt.

Neffens resint ûndersyk stiet de soarte tichter by de gewoane sjampinjon (Agaricus bisporus) as oare inketswammen.

De skobbige inketswam is fan maaie oant novimber faak yn groepkes op 'e grûn te finen, lykas ikkers, greide, parken en bermen. Ek yn 'e stêd wurdt de poddestoel in soad op bedonge gers oantroffen.

De soarte komt op it hiele Europeeske, Súd-Amerikaanske, Noard-Amerikaanske en Australyske kontinint foar. Fierder komt de soarte allinne in it noarden fan Afrika foar en yn Aazje ûntbrekt de poddestoel allinne yn it súdlike diel en Yndoneezje.

In jonge skobbige inketswam it goed te iten, mar moat fuort nei it rispjen ferwurke wurde. De swam kin net mear iten wurde as it stadium fan 'e ferkleuring begjint. Yn Sina is der kommerjele tylt fan 'e poddestoel.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: