It Skokkersk wie in dialekt dat sprutsen waard op it âlde eilân Skoklân. It wie in Nedersaksysk dialekt mei in protte Hollânske ynfloeden. It dialekt wie besibbe mei it Urksk, dochs wie Skokkers mear besibbe mei it Nedersaksysk fan Oerisel as it Urksk. It dialekt waard likernôch oant healwei de 20e iuw sprutsen.

Nei de ûntromming fan Skoklân yn 1859 is it dialekt troch de âld-ynwenners fan Skoklân meinaam nei harren nije wenplakken. Bygelyks Folendam, Kampen en Follenhove. Tsjintwurdich is it Skokkersk as sprekkerstaal net mear yn gebrûk, mar de Skokkerske feriening besiket it dialekt yn libben te hâlden.

It Skokkersk wie in dialekt mei in tal fariaasjes dêrop. Yn elts doarp op Skoklân waard in oar dialekt sprutsen.

Op it noarden fan it eilân, wêr’t it doarpke Emmeloard (net te betiizjen mei it plak Emmeloard yn Flevolân) lei, waard oars sprutsen as yn it doarpke Ens dat op it súdlik part fan Skoklân lei. Sa hearden heit en mem yn Emmeloard tate en didde, wylst dy yn Ens taote en memme neamd waarden. It typyske ao-lûd fan it suden wie yn it noarden minder goed te hearren.

In skaaimerk dat, foar safier bekend, oer it hiele eilân brûkt waard wie it ie-lûd yn bygelyks it wurd bliev’m (bliuwe). Ek waard de slot-n by tiidwurden útsprutsen.

Omdat it Skokkersk al yn 1859, it jier fan de ûntromming fan Skoklân, net mear as dúdlik dialekt bestiet is it dialekt nea goed ûndersocht.

Dochs is foar in tal dialektstúdzjes it Skokkersk al fan belang. De famyljes fan Skoklân hawwe harren eigen dialekt meinaam nei oare gebieten en dêre it pleatslike dialekt beynfloede. Benammen yn it Folendamsk hat dat sa west, en is it iennichste Hollânske dialekt dat by ferlytsingswurden in trema brûkt. Dat is nei alle gedachten ta te skriuwen oan de ynfloed fan it Skokkersk.

In krekt byld fan it Skokkersk is op basis fan it minne materiaal net te jaan. It dialekt dat troch de neikommelingen sprutsen wurdt is net mear suver. Dochs kin dat wat ynsjoch jaan yn it dialekt. In gruttere kunde fan it Skokkersk soe in wichtige rol spylje kinne yn de Nederlânske dialektkunde.

Lûdfragmint

bewurkje seksje

De opname dy’t mei boppesteande keppeling te beharkjen is, is tekenjend foar de posysje fan it Skokkersk. De sprekkers op de bân moedigje elkoar hieltyd oan Skokkersk te sprekken. De frou hat it yn de iene sin oer betuuver’n (betoverje) en even letter oer betoever’n. Har man hat it dêrnei oer beteuver’n. Foar in bûtensteander is it net te sizzen wat no echt Skokkersk is.

Lietsjes, Schokkervereniging

Keppeling om utens

bewurkje seksje