Skraitsfûgels
De skraitsfûgels, skraitsen of skraaitsfûgels (Stercorariidae) binne in famylje fan fûgels yn it skift fan de wilstereftigen (Charadriiformes) dy't oer de hiele wrâld foarkomme en besibbe binne oan de seefûgels.
Skraitsfûgels | ||
skraits (Stercorarius pomarinus') | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
famylje: | skraitsfûgels (Stercorariidae) | |
Gray, 1871 | ||
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe skraitsfûgels besteane út 7 soarten en wurde yn ien skaai yndield. (In yndieling yn twa skaaie, Stercorarius en Catharacta is no efterhelle.)
- Famylje: skraitsfûgels (Stercorariidae)
- Skaai: skraitsen of skraaitsen (Stercorarius)
- Soarte: Sileenske grutte skraits (Stercorarius chilensis, foarhinne ek wol Catharacta chilensis)
- Soarte: Súdpoalskraits (Stercorarius maccormicki, foarhinne ek wol Catharacta maccormicki)
- Soarte: Subantartyske grutte skraits (Stercorarius antarcticus, foarhinne ek wol Catharacta antarcticus)
- Soarte: grutte skraits (Stercorarius skua, foarhinne ek wol Catharacta skua))
- Soarte: skraits (Stercorarius pomarinus)
- Soarte: lytse skraits (Stercorarius parasiticus)
- Soarte: seefalkje (Stercorarius longicaudus)
- Skaai: skraitsen of skraaitsen (Stercorarius)