Slach by Little Muddy Creek
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Little Muddy Creek wie in skermutseling oan 'e igge fan 'e Little Muddy Creek, yn súdlik Montana, dy't op 7 maaie 1877 útfochten waard troch it Amerikaanske Leger mei in troep Minnikonzjû-Lakota en Noardlike Sjajinnen. Dit treffen, dat de lêste wapene konfrontaasje fan 'e Grutte Sû-Oarloch wie, einige mei in Amerikaanske oerwinning. De Slach by Little Muddy Creek is benammen bekend wurden om it Minnikonzjû-opperhaad Kreupel Hart (Lame Deer) der omkaam, nei wa't letter it deunby leine plak Lame Deer ferneamd is.
Foarskiednis
bewurkje seksjeOp 1 maaie 1877 late kolonel Nelson A. Miles in legermacht út it legerkamp (dat letter Fort Keogh wurde soe) oan 'e rivier de Tongue yn súdlik Montana wei om 'e lêste opstannige Lakota en Noardlike Sjajinnen te sykjen, dy't de striid tsjin it Amerikaanske Leger yn it ramt fan 'e op syn ein rinnende Grutte Sû-Oarloch fan 1876 noch altyd folholden. Miles syn kolonne waard foarme troch fiif kompanjyen (F, G, H, K en L) fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, twa kompanjyen (B en H) fan it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint en fjouwer kompanjyen (E, F, G en H) fan it Amereikaanske 22e Ynfanteryrezjimint. Yn totaal bestie syn troepemacht út 471 soldaten en ofsieren, mei dêropta 5 Yndiaanske ferkenners. Dy lêsten ûntdieken al rillegau in spoar dat yn westlike rjochting nei de rivier de Rosebud late.
It treffen
bewurkje seksjeOan 'e igge fan it beekje de Little Muddy Creek staten Miles syn ferkenners op in groep fan 61 tipys, dat it kamp wie fan 'e mingde Yndianetroep fan it opperhaad Kreupel Hart, besteande út Minnikonzjû-Lakota en Noardlike Sjajinnen. Dêrop liet Miles syn stadiger optsjende ynfantery efter en sette er ôf mei de kavalery. By moarnsdage op 7 maaie stjoerde er Kompanjy H fan it 2e Kavaleryrezjimint it noch sliepende Yndiaanske doarp yn, wêrby't ien fan syn Yndiaanske ferkenners de bewenners yn it Lakota tarôp dat Miles ûnderhannelje woe.
Kreupel Hart kaam dêrop mei syn omkesizzer Izerne Stjer en ferskate oare krigers ta it kamp út. Miles sei tsjin it opperhaad dat er syn gewear dellizze moast, wat Kreupel Hart die, mar mei de hoanne spand en de loop nei Miles ta. Doe't Wite Bolle, ien fan Miles syn ferkenners, it gewear fan Izerne Stjer ôfpakke woe, helle dyselde de trekker oer, wêrby't de kûgel Wite Bolle troch de jas gie. Kreupel Hart ynterpretearre de aksje fan Wite Bolle as ferrie, en griep syn eigen gewear wer, dat er op Miles ôffjurre. De kûgel miste de kolonel lykwols op in hier nei en deade ynstee syn oppasser, soldaat Charles Shrenger.
Dêrnei wie it ien grutte gaos. In sjitpartij briek út, wêrby't ferskate soldaten en krigers delsketten waarden. Kreupel Hart sels kaam om troch in salvo fan santjin kûgels fan soldaten fan Kompanjy L fan it 2e Kavaleryrezjimint. Neitiid setten de Kompanjyen F, G en L fan 'e 2e Kavalery de oanfal yn op it fierhinne warleaze Yndiaanske kamp, dat folslein ferwuostge waard. De soldaten makken likernôch 450 mustangs bút, wêrfan't se de helte ôfmakken.
Balâns
bewurkje seksjeOan 'e ein fan 'e skermutseling wiene der oan 'e Amerikaanske kant 4 deaden en 10 ferwûnen, wylst de Yndianen 5 oant 14 deaden en sa'n 20 ferwûnen te betreurjen hiene. Boppedat waarden likernôch 40 Yndianen kriichsfinzen nommen. Dit ynsidint, dat bekend kaam te stean as de Slach by Little Muddy Creek, wie it lêste wapene treffen fan 'e Grutte Sû-Oarloch. Likernôch oardel km nei it suden ta waard letter it plak Lame Deer stifte, dat ferneamd is nei Kreupel Hart (Lame Deer). Hjoed de dei is dat it haadplak fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |