Nelson A. Miles (folút: Nelson Appleton Miles; Westminster (Massachusetts), 8 augustus 1839Washington, D.C., 15 maaie 1925) wie in Amerikaansk militêr. Hy focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch, en brocht it ta luitenant-generaal en oerbefelhawwer fan it Amerikaanske Leger. Foar syn optreden yn 'e Slach by Chancellorsville, yn 'e Boargeroarloch, waard him de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Miles waard lykwols fral bekend troch syn rol yn 'e striid tsjin 'e Yndianen, wêrby't ôfweefde mei û.m. it Lakota-opperhaad Mâl Hynder en de Apache-lieder Geronimo.

Nelson A. Miles
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Nelson Appleton Miles
bynamme Bear Coat
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 augustus 1839
berteplak Westminster (Massachusetts)
stoarn 15 maaie 1925
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611903
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang luitenant-generaal (sûnt 1900)
befel 61e Frijw. Ynf.reg. f. New York
Fort Monroe
Am. 5e Ynfanteryrezjimint
Fort Keogh
Dep. f.d. Kolumbia
Dep. f.d. Missoury
Dep. fan Arizona
Dep. fan Kalifornje
Difyzje fan 'e Stille Oseaan
Difyzje f.d. Missoury
Dep. fan it Easten
Amerikaanske Leger
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Oarloch fan de Reade Rivier
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Percé-Oarloch
Uttocht f.d. Noardlike Sjajinnen
Oarloch fan Geronimo
Geastedûnsoarloch
Spaansk-Amerikaanske Oarloch
treffen(s) Slach by Antietam
Slach by Fredericksburg
Slach by Chancellorsville
Slach yn de Wyldernis
Slach by Spotsylvania
Slach by Cedar Creek
Slach by Wolf Mountain
Slach by Little Muddy Creek
Slach by Bear Paw
Porto Riko-kampanje
ûnderskiedings Medal of Honor 1892
oar wurk gûverneur fan Porto Riko (1898)

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonge jierren

bewurkje seksje

Miles waard yn 1839 berne yn Westminster, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, dêr't er opgroeide op it boerespultsje fan syn âlden. Letter fêstige er him yn Boston, dêr't himsels ûnderhold as winkelbetsjinde wylst er yn syn frije tiid militêre skiednisboeken lies en himsels militêre strategy bybrocht. Op 9 septimber 1861, fiif moanne nei it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, melde Miles him oan as frijwilliger foar it Noardlike Leger.

Under de Boargeroarloch

bewurkje seksje

Doe't bliken die dat Miles oer in beskate militêre kennis beskikte, waard er fanwegen in wanhopich tekoart oan ofsieren mei de rang fan luitenant tafoege oan it 22e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Massachusetts. Yn dy posysje ûnderskate er him dusdanich dat er yn maaie 1862 befoardere waard ta luitenant-kolonel yn it 61e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan New York. Nei de Slach by Antietam folge in fierdere befoardering ta kolonel mei it befel oer datselde rezjimint.

Miles focht ek yn 'e Slach by Fredericksburg en foar syn moedige optreden yn 'e Slach by Chancellorsville, dêr't er slim ferwûne rekke oan 'e hals en de ûnderbúk, waard him hast tritich jier letter, yn 1892, de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Nei dyselde slach waard Miles yn 1864 befoardere ta brigadegeneraal. Yn totaal rekke Miles yn 'e Boargeroarloch fjouwer kear ferwûne. Under de Appomattox-kampanje, dy't it slútstik fan 'e oarloch foarme, naam er diel oan 'e Slach yn de Wyldernis, en waard er mei 26 jier foar syn aksjes yn 'e Slach by it Gerjochtsgebou fan Spotsylvania befoardere ta generaal-majoar.

 
Miles ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch.

Nei't de Boargeroarloch yn april 1865 einige wie mei in Noardlike oerwinning, hie Miles it befel oer Fort Monroe, yn Firginia, dêr't de Konfederearre presidint Jefferson Davis finzen holden waard. Yn dy snuorje beskuldige Davis Miles derfan dat dy him min behannele hawwe soe, en moast Miles him formeel tsjin dy beskuldigings ferdigenje. Yn july 1866 waard er fanwegen it oerskot oan ofsieren dat it gefolch wie fan 'e ôfslanking fan it Amerikaanske Leger yn fredestiid, yn rang weromset ta kolonel.

Priveelibben

bewurkje seksje

Op 30 juny 1868 troude Miles mei Mary Hoyt Sherman. Hja wie in docher fan Charles Taylor Sherman en in omkesizzer fan generaal William Tecumseh Sherman. Harren soan Sherman Miles trêde yn syn heite fuotleasten mei in karriêre yn it Amerikaanske Leger, en berikte ûnder de Twadde Wrâldoarloch de rang fan generaal-majoar.

Under de Yndiaanske oarloggen

bewurkje seksje

Yn maart 1869 krige Miles it befel oer it Amerikaanske 5e Ynfanteryrezjimint en waard er mei dy ienheid oan 'e Amerikaanske frontier legere, yn it Wylde Westen. Dêr krige er fan 'e Yndianen de bynamme Bear Coat ("Bearejas") Miles. Yn 1874 en 1875 wied er ûnder de Oarloch fan de Reade Rivier belutsen by it ferslaan fan 'e Komantsjen, Kajowa, Súdlike Sjajinnen, Súdlike Arapaho en Flakte-Apachen op 'e súdlike Grutte Flakten. Yn 1876 en 1877 naam er as kommandant fan Fort Keogh, yn súdeastlik Montana, diel oan 'e Grutte Sû-Oarloch tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Dêrby fersloech er yn oktober 1876 it Lakota-opperhaad Sittende Bolle yn 'e Slach by Cedar Creek en yn jannewaris 1877 it Lakota-opperhaad Mâl Hynder yn 'e Slach by Wolf Mountain, it lêste grutte treffen fan dy oarloch. Yn maaie fan dat jier focht Miles ek de lêste skermutseling fan 'e Grutte Sû-Oarloch út, yn 'e Slach by Little Muddy Creek.

Yn oktober 1877 late er by 't winter syn troepen op in forsearre mars nei westlik Montana, dêr't er yn 'e Nez Persé-Oarloch de Nez Persé-Yndianen fan Opperhaad Joseph ûnderskepte yn 'e Slach by Bear Paw. De rest fan syn karriêre soed er mei generaal Oliver O. Howard tsiere oer wa't fan harren beiden ferantwurdlik wie foar de finzenname fan it opperhaad. Ein 1877 en begjin 1878 wie Miles belutsen by de legeroperaasjes yn it ramt fan 'e Uttocht fan 'e Noardlike Sjajinnen, wêrby't dat nei it Yndiaanske Territoarium (no Oklahoma) ta deportearre folk út syn reservaat ûntsnapte en besocht werom te kearen nei syn heitelân yn Montana.

Under syn tiid yn Fort Keogh ûntwikkele Miles yn gearwurking mei generaal Albert J. Myer in rige fan heliograafposten, wêrmei't er troch it gebrûk yn spegels opfongen sinnestrielen kommunikaasjesynjalen oer in ôfstân fan 230 km ferstjoere koe fan syn legerpost nei Fort Custer. Yn desimber 1880 waard Miles befoardere ta brigadegeneraal. Neitiid tsjinne er fan 1881 oant 1885 as kommandant fan it militêre Departemint fan 'e Kolumbia, yn it Amerikaanske Noardwesten, en fan 1885 oant 1886 as kommandant fan it militêre Departemint fan 'e Missoury.

Yn 1886 ferfong Miles brigadegeneraal George Crook as kommandant fan it militêre Departemint fan Arizona, ûnder de Oarloch fan Geronimo (1881-1886), dy't ta de Apache-Oarloggen hearde. Wylst Crook sterk line hie op 'e ynset fan ferkenners dy't sels Tsirikahûa-Apachen wiene, om it snoade opperhaad Geronimo te befjochtsjen, makke Miles ynstee dêrfan inkeld gebrûk fan blanke troepen. Dy leine úteinlik folslein om 'e nocht in totale ôfstân fan 4.800 km ôf sûnder dat se sels mar by de ûngrypbere Geronimo yn 'e buert kamen. Uteinlik slagge it earste luitenant Charles B. Gatewood, dy't him ferdjippe hie yn 'e kultuer fan 'e Apachen, om 'e oerjefte fan Geronimo en syn lêste striders te beävensearjen.

Under de betingsten fan dy oerjefte soene Geronimo en syn folk twa jier yn in reservaat yn Floarida trochbringe. Miles hie lykwols gjin inkele bedoeling om 'e ôfspraken nei te kommen. Geronimo-en-dy ferdwûnen yn Floarida yn in kriichsfinzenskip dy't 26 jier duorje soe, en boppedat gou datselde foar de Tsirikahûa-ferkenners dy't yn it Amerikaanske Leger tsjinne hiene, wêrmei't Miles alle ôfspraken briek. Syn foargonger Crook wie poerrazen oer dat ferrie, en stjoerde it iene nei it oare lulke telegram oer dizze saak nei it Amerikaanske regear yn Washington, D.C. Underwilens ûntsei Miles oan luitenant Gatewood eltse fertsjinste foar it ta stân bringen fan Geronimo syn oerjefte en liet er dyselde oerpleatste nei de Dakota's.

 
Portret fan Nelson A. Miles.

Yn 1888 waard Miles oansteld as kommandant fan it militêre Departemint fan Kalifornje en de Difyzje fan 'e Stille Oseaan. Yn april 1890 waard er befoardere ta generaal-majoar mei it befel oer de militêre Difyzje fan 'e Missoury. Datselde jiers begûn Miles de Geastedûnsoarloch yn Súd-Dakota, om 'e geastedûnsreligy de kop yn te drukken, dy't ûnder de Flakte-Yndianen almar mear oanhingers wûn en troch de Amerikaanske autoriteiten as in opstannige beweging sjoen waard. Dat konflikt begûn heal desimber 1890, doe't Miles opdracht joech ta de arrestaasje fan 'e âlde Lakota-lieder Sittende Bolle, dy't er as in ûnrêststokelder beskôge. Dy arrestaasje rûn lykwols út op in sjitpartij wêrby't de âldman omkaam.

Under it Bloedbad fan Wounded Knee, op 29 desimber, waarden troch it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Miles wie dêr sels net by belutsen, en liet neitiid neat hiel fan 'e beslissings fan 'e befelfierende ofsier, kolonel James W. Forsyth. Yn in brief oan syn frou omskreau er it barren as "de alderferskriklikst kriminele militêre blunder" en "in freeslike slachting ûnder froulju en bern". Hy besocht om 'e nocht om Forsyth ferfolge te krijen en sette him nei syn pinsjonearring yn om finansjele skeafergoeding los te krijen foar de oerlibbenen fan it bloedbad.

Under de Spaansk-Amerikaanske Oarloch

bewurkje seksje

Yn 1894 en 1895 hie Miles, yn syn hoedanichheid fan komandant fan it militêre Departemint fan it Easten, it befel oer de Amerikaanske troepen dy't it oproer delsloegen dat mank gie mei de Pullman-staking. Yn 1895 waard er oansteld as befelfierend generaal fan it Amerikaanske Leger. Op dy post hied er in tige ynfloedrike rol ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch fan 1898, wêrby't er sels it befel yn it fjild fierde te Siboney, op Kuba.

Nei de oerjefte fan it Spaanske garnizoen fan Santiago de Cuba, joech Miles persoanlik lieding oan 'e Porto Riko-kampanje, de Amerikaanske ferovering fan Porto Riko, de oare Spaanske koloniale besitting yn it Karibysk Gebiet. Hy lâne by Guánica, en tsjinne nei de oerjefte fan 'e Spaanske troepen op it eilân in pear moannen lang as de earste Amerikaanske gûverneur fan Porto Riko. Nei syn weromkear nei de Feriene Steaten, yn it neijier fan 1898, ûntjoech Miles him ta in lûdroftige kritikaster fan 'e kertiermaster-generaal fan it Amerikaanske Leger, generaal Charles P. Eagan, dy't ûnder wat bekend kaam te stean as it Legerfleisskandaal, blikken mei trang kowefleis oan 'e troepen yn it fjild levere hie.

Lettere jierren

bewurkje seksje
 
Miles mei oare ofsieren yn Porto Riko.

Yn 1900 waard Miles foar syn rol yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch promovearre ta de rang fan luitenant-generaal. Om't syn 64ste jierdei der oan siet te kommen (64 jier wie doedestiden de ferplichte pinsjonearringsleeftyd fan it Amerikaanske Leger), ûndernaam Miles op 14 july 1903 in stunt om oan te toanen dat er lichaamlik noch fit genôch wie om lieding te jaan oan it leger. Dêrby ried er yn 8 oeren tiid (2 oeren en 20 minuten rêsttiid tuskentroch net meiteld, dus eins 10 oeren en 20 minuten yn totaal) de ôfstân fan 145 km tusken Fort Sill en Fort Reno yn Oklahoma, wêrby't er ûnderweis acht kear fan hynder ferwiksele. Dat wie de langste rit dy't ea troch in befelfierend generaal fan it Amerikaanske Leger ûndernommen is.

Presidint Theodore Roosevelt neamde Miles in brave peacock ("moedige idelteut"), mar stjoerde him in moanne letter likegoed mei pinsjoen doe't er 64 jier waard. Tagelyk mei Miles syn pinsjonearring waard it amt fan befelfierend generaal fan it Amerikaanske Leger ôfskaft. Tenei wie de Amerikaanske presidint de oerbefelhawwer fan it Amerikaanske Leger, en beklaaide de heechste generaal it amt fan stêfsjef. Yn 1904 stelde Miles him kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip en besocht er de nominaasje fan 'e Demokratyske Partij te winnen, mar dat wie om 'e nocht, en hy krige mar in hantsjefol stimmen. Under de Earste Wrâldoarloch bea de doe 77-jierrige âld-generaal yn 1917 syn tsjinsten oan, mar dy waarden mei tank ôfwiisd troch presidint Woodrow Wilson.

Nelson A. Miles kaam yn 1925 yn 'e âlderdom fan 85 jier te ferstjerren oan in hertoanfal, wylst er yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. in sirkusfoarstelling besocht mei syn pakesizzers. Hy wie tsjin dy tiid ien fan 'e lêste ofsieren dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch de rang fan generaal beklaaid hiene. Miles waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C. Hy hat dêr in eigen mausoleum, dat ien fan mar twa mausoleä op dat begraafplak is. It plak Miles City, dat yn Montana net fier fan syn âlde legerpost Fort Keogh ôf leit, is nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.