Slach by Oldenswort

De Slach by Oldenswort fûn plak op 29 juny 1252 by it Noard-Fryske doarp Oldenswort, dêr't de Noardfriezen yn it ferhef kamen tsjin de belestingferheging fan de Deenske kening Abel.

Foarskiednis

bewurkje seksje

Yn de 11e en 12e iuw teagen groepen Friezen nei Noard-Fryslân. De Deenske gelearde Saxo Grammaticus skreau al yn 1180 yn de Gesta Danorum (de dieden fan de Denen) oer Fresia Minor (Lyts Fryslân, letter Noard-Fryslân) yn Jutlân. Yn de 'Gesta Danorum' omskriuwt er it gebiet as wie it eigendom fan de Friezen. [1]

De belestings dy't de Noard-Friezen betelje moasten laten al yn 1151 ta de Slach by Mildeburch. Mei de beneaming fan hartoch Abel fan Sleeswyk ta kening fan Denemark kaam de âlde diskusje werom. De Noard-Friezen moasten neffens kening Abel fan Denemark mear belesting betelje en dy teach mei in strafekspedysje nei Eiderstedt yn 'e winter fan 1251/52, dy't net folle opsmiet.

 
Kening Abel

Der binne trije boarnen dy't ferwize nei de Slach by Oldenswort. De Friezen hawwe de slach wûn en de Deenske kening Abel stoar. Oare saken dy't wis binne:

  1. Trije Noard-Fryske kriten fochten yn 1252 tsjin kening Abel (dy fan Eiderstedt, Everschop en Utholm)
  2. De oare Fryske kriten fochten net mei.
  3. Der is gjin sprake fan in echte fjildslach.
  4. De Friezen brûkten de guerillataktyk tsjin it Deenske leger.
  5. De Deenske kening Abel stoar troch in pylk. [2]

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

Neffens Petrus Thaborita wie Sicko Sjaerdema ien fan de oanfierders fan de Friezen tsjin de Deenske kening.

Ferwizing nei boarne

bewurkje seksje
  1. Kööp, Karl-Peter, Quellen und Materialien zur nordfriesischen Geschichte 1992, nûmer 113 Nordfriisk Instituut, side 62 Dútsk
  2. Kööp, Karl-Peter, Quellen und Materialien zur nordfriesischen Geschichte 1992, nûmer 113 Nordfriisk Instituut, side 95 Dútsk