Slach by de Boppe-Baetis
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by de Boppe-Baetis wie in dûbele slach, besteande út de Slaggen fan Castulo en Ilorca, dy't útfochten waarden yn 211 f.Kr. yn de Twadde Punyske Oarloch tusken kartaachske mankrêften, laat troch Hasdrubal Barka, de broer fan Hannibal, en romeinske mankrêften, laat troch Publius Kornelius Skipio I en syn broer Gnaius Kornelius Skipio Kalvus. It einbeslút wie in kartaachske oerwinning dêr't de beide bruorren Skipio by om it libben kamen. Foar harren belies, hawwe de twa bruorren sân jier (218-211 f.Kr.) yn Hispania trochbrocht om de Kartagers werom te kringen en de tafier foar de mankrêften fan Hannibal dwers te bongeljen doe't dy de Romeinen yn Itaalje oan it befjochtsjen wie.
Eftergrûn
bewurkje seksjeNei't Hasdrubal Barka yn de Slach by Dertosa yn de maitiid fan 215 f.Kr. ferslein waard, hiene de Romeinen harren gebieten benoarden de rivier de Ebro dêrmei befeilige. Se besochten dêrnei Ibearyske stammen foar harren te winnen, wylst se ynfallen yn kartaachske gebieten besuden de Ebro diene, dêr't se yn 214 f.Kr. mei Saguntum berikten. De Romeinen, lykas de Kartagers fersloegen de Ibearyske stammen dy't wjerstân beane. De bruorren Skipio bekleien harren deroer dat se gjin fersterkings út Itaalje krigen, dêr't Hannibal de Romeinen de iene nei de oare slach fersloech. De Romeinske Senaat stjoerde dêropta hierlingen om de Skipio's by te stean. Twa fan sokke hierlingen, Pomponius en Postumius, blieken kriminelen te wêzen dy't de Skipio's fan harren jild bedreagen. Yn 214 f.Kr. hie Rome mei in finansjele krisis te krijen, om't de oarloggen de jildpot leech sûge hiene. Nettsjinsteande dat wisten de Skipio's Sarguntum yn 212 f.Kr. te oermasterjen.
Underwilens waard Hasdrubal fersterke mei twa legers, dy't respektivelik laat waarden troch syn jongere broer Mago Barka en Hasdrubal Gisko. De Skipio's wisten Syffaks, kening fan de Numidyske stamme fan de Massesyljers, oer te heljen en fal yn 213-212 f.Kr. Kartago oan mei mankrêften, dy't troch in romeinske sintuerion traind waarden. De tastân wie yn Hispania stabyl genôch dat Hasdrubal nei Afrika weromkeare koe en de opstân delslaan te kinnen. Yn it neijier fan 212 f.Kr. gie er werom nei Hispania mei 3.000 Numidyske hiersoldaten ûnder leiding fan Massinissa, de takomstige kening fan Numydje.
Oanrin nei de slach
bewurkje seksjeYn 212 f.Kr. bemasteren de Skipio's Castulo, dat in mynstêd wie en dêr't de frou fan Hannibal weikaam. Se oerwinteren dêrnei yn Castulo en Ilugia. De bruorren hierden likernôch 20.000 keltibearyske hierlingen en heaken dy ta it romeinsk ynfanteryleger fan 30.000 manlju, want it romeinske leger lijde reedlike ferliezen sûnt 218 f.Kr. yn strideraasjes mei de Kartagers en ibearyske stammen. De Skipio's seagen dat de kartaachske legers harren apart faninoar opstelden. Hasdrubal Barka's leger stelde him op by Amtorgis, wylst fierder westlik Mago Barka him mei 13.500 manlju njonken dy fan Hasdrubal Gisko opstelde. De Skipio's besleaten harren mankrêften dan ek op te splitsen. Publius Skipio late romeinske en alliearde soldaten en fal Mago Barka by Castulo oan, wylst Gnaius Skipio ientred fan it romeinsk leger yn Hispania en de hierlingen late en fal Hadrubal Barka oan. Dy strategy late ta twa slachfjilden, de Slach by Castulo en de Slach by Ilorca, dy't binnen in pear dagen faninoar plakfûnen.
Gnaius kaam as earste op it slachfjild oan, mar Hasdrubal Barka hie njonkelytsen de legers fan Indibilis en Mandonius, twa ibearyske stamlieders dy't bûnsmaten fan Kartago wiene, en dy fan Hadrubal Gisko oardere en stean Mago Barka by by Castulo. Hasdrubal Barka wist Gnaius tsjin te hâlden en hy bleau yn syn fersterke kamp. Hy wist de keltibearyske hierlingen fan Gnaius om te keapjen om op de haal te gean. Dêrmei waard it leger fan Gnaius lytser as dy fan Hasdrubal Barka
Slach by Castulo
bewurkje seksjeDoe't Publius Skipio tichter by Castulo oankaam, waard er dei en nacht troch de Numidyske kavalery fan Massinissa dwers sitten. Doe't er hearde dat Indibilis oer syn mooglike ûntsnappingsrûten mei 7.500 Ibearjers nei him oplutsen, besleat er de Ibearjers oan te fallen, om't er noed hie dat er besingele waard. Hy liet 2.000 manlju efter yn it kamp ûnder lieding fan de legaat Tibearius Fonteus en hy marske gâns de nacht troch. Hy wist de folgjende moarns betiid Indibilis te fernuverjen mei in oanfal en it like derop dat de Romeinen it foardiel hiene. De Ibearjers wisten stân te hâlden oant Massinissa oankaam.
Doe't de Numidyske kavalery de Romeinen fansiden oanfoelen, rûn de romeinske oanfal op de Ibearjers fêst. Doe't ek Mago en Hasdrubal Gisko mei harren legers oankamen, moasten de Romeinen nei in grimitige slach de ôftocht blaze, wylst se Publius Skipio en de measten fan harren kameraden dea op it slachfjild efterlitte moasten. Mago joech de Numydjers genôch tiid de deaden te plonderjen ear't se fierder nei Hasdrubal Barka syn posysje lutsen. In lyts nustje Romeinen hiene de slach oerlibbe en wisten nei harren kamp te ûntkommen.
Slach by Ilorca
bewurkje seksjeGnaius Skipio wie syn oerwicht kwytrekke, nei't syn hierlingen op de haal giene. Hy wie noch net op de hichte fan Publius syn dea, mar hy besleat nei it noarden fan Hispania werom te lûken, doe't Mago en Hasdrubal Gisko mei harren legers oankamen. De Romeinen ferfearen nei de Ebro út harren kamp wei en lieten it fjoer baarne. De Numydjers fûnen harren de folgjende dei en mei harren oanfal twongen se de Romeinen op in heuvel by Ilorca. It kartaachsk leger, dy't no de legers fan Hasdrubal Barka, Hasdrubal Gisko en Mago befetten, kaam dy nachts oan. Yn wanhoop besochten de Romeinen in ferdigeningsmuorre mei sealen en bagaazje te meitsjen om't de grûn te hurd wie om te graven. De Kartagers koene maklik oer de muorre hinne komme en Gnaius sneuvele yn de slach, dêr't ek it grutste part fan syn mankrêften by ferneatige waard.
Neisleep
bewurkje seksjeDe oerlibbene romeinske soldaten flechten noardlik fan de Ebro, dêr't se in leger fan 8.000 manlju byïnoar garren. De kartaachske generaals besochten net mei harren ôf te rekkenjen, dêr't se fersterkings nei Hannibal yn Itaalje stjoere koene. De Kartagers stjoerden lykwols gjin fersterkings nei Itaalje fanút Ibearje en dêrom koe Hannibal net tefoaren komme dat de Romeinen Capua yn it krúsjale jier 211 f.Kr. ynnamen. Yn it nijier fan 211 f.Kr. stjoerde Rome 13.100 manlju ûnder Gaius Klaudius Nero en fersterkje syn mankrêften yn Hispania. Doe't Skipio Afrikanus, de soan fan Publius Skipio, mei noch 10.000 manlju yn 210 f.Kr. oankaam, krigen de Kartagers it soer fan harren earder beslút en krigen de Romeinen it foardiel yn Hispania nei de Slach by Kartagena.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|