It Slot Rosenholm (Deensk: Rosenholm Slot) is al sûnt de 14e iuw bekend. Oant de reformaasje yn 1536 wie it yn it besit fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en it foel dêrnei oan de Kroan, dy't it yn 1559 foar oare besittings fan it adelsskaai Rosenkrantz ynruile. It slot leit noardlik fan Hornslet yn Jutlân op it skiereilân Djursland yn Denemark.

Slot Rosenholm
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Midden-Jutlân
adres Rosenholmvej 119
8543 Hornslet
koördinaten 56° 20' N 10° 19' E
Skiednis
boujier 1559-1607
Oars
boustyl renêssânse
Webside
Hiemside fan Rosenholm
Kaart
Slot Rosenholm (Midden-Jutlân)
Slot Rosenholm

'Holm' is al bekend sûnt de 14e iuw. It wie eigendom fan 'e Tsjerke, mar mei de reformaasje yn 1536 kaam it yn it besit fan 'e Deenske Kroan. Kening Freark II hie grutte plannen mei it Skanderborg Slot en dêrom ferruile hy Holm en it lângoed mei de ealman Jørgen Ottesen Rosenkrantz (1523-1596 ) tsjin lân yn Odder.

De famylje Rosenkrantz heart ta de âldste en ferneamste slachten fan Denemark. William Shakespeare brûkte dy efternamme yn it toanielstik Hamlet. Yn 1552 hie Jørgen Rosenkrantz al it kastiel Skabygård (Skaføgård) likernôch 7 km noardeastlik fan Holm bouwe litten, mar dat stie net sintraal op syn lân. Fuort nei syn oername fan Holm waard it plak omdoopt ta Rosenholm en noch itselde jier waard útein set mei it doljen en de bou.

Jørgen Rosenkrantz makke fan Rosenholm in útwrydsk kompleks mei in soad grêften, sadat der trije eilannen ûntstiene. Op it earste liet er it haadgebou bouwe, op it twadde de stâlen en persoanielsgebouwen. Tagelyk mei dy gebouwen ûnstie ek it túnhûs Pirkentavl. Op it tredde eilân wie de pleats foar it fee. It haadgebou bestiet út fjouwer fleugels om in trapezefoarmige binnenhôf. Der waard hieltiten oan ien fleugel tagelyk wurke en de bou fan it hiele haadgebou duorre in heale iuw.

Yn it jier 1607 wie it slot foltôge. De arsjitektuer fan Rosenholm is oars as dy fan oare kastielen yn Denemark en fral ynspirearre troch Italjaanske renêssânse.

It ynterieur waard yn 'e jierren 1740 yn barokke styl modernisearre. Der waard doe ek in barokke tún fan 5 hektare mei leanen en bûkehagen oanlein. Rosenholm is mei hûnderten meubelstikken, skilderijen en wandkleden ynrjochte en yn 'e simmer te besjen.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rosenholm Slot fan Wikimedia Commons.