Slot fan Schwerin

Slot fan Schwerin
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Schwerin
adres 53° 37' N 11° 25' E
Skiednis
stiftingsjier 14e iuw
boujier 16e iuw, 1837-1857
Oars
boustyl histoarisme
Webside
www.mv-schloesser.de
Kaart
Slot fan Schwerin (Meklenburch-Foarpommeren)
Slot fan Schwerin
Residinsjekompleks fan Schwerin
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 1705
kritearia (iv)
ynskriuwing 2024
gebiet 2,275.77 ha
buffersône 2,691.95 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

It Slot fan Schwerin (Dútsk: Schweriner Schloss) is sûnt 2024 wrâlderfgoed fan UNESCO. It slot stiet op in eilân yn 'e Mar fan Schwerin (Schweriner See) yn 'e Dútske stêd Schwerin, de haadstêd fan 'e dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. Iuwenlang wie it slot de residinsje fan 'e hartoggen en gruthartoggen fan Mecklenburg en Mecklenburg-Schwerin. Hjoed-de-dei brûkt it parlemint fan 'e dielsteat de gebouwen.

Iere skiednis.
 
Resten fan it Slavyske fort by opgravingen yn 2014.

Al yn 'e 10e iuw wie op it plak in Slavysk fort. It fort waard yn 1160 it doel fan Germaanske eallju, dy't ûnder lieding fan Hindrik de Liuw (1129-1195) harren grûngebiet nei it easten ta útwreidzje woene. De Obotriten ûnder Niklot ferneatigen it fort, mar gyngen wer fuort fanwegen de Germaanske militêre dominânsje. De Dútske oermasterers wurdearren de strategyske lokaasje fan it eilân en bouden dêr in nij fort. De stifting fan 'e stêd Schwerin fûn yn itselde jier plak. Schwerin waard de sit fan in bisdom.

Yn 1358 kaam it greefskip Schwerin yn 'e hannen fan it neiteam fan Niklot, dy't yn 1348 hartoggen fan Mecklenburg waarden. Al gau ferhûzen hja fan Mikelenburg, tichteby de stêd Wismar, nei Schwerin. Yn 'e letgoatyske tiid makke de wolfeart en de posysje fan 'e hartoggen de bou fan in represintatyf kastiel mooglik, itjinge feroaringen oan 'e fêsting betsjutte.

15e oant 18e iuw.
 
It kastiel mei de bastions oan it begjin fan 'e 16e iuw.

Under Jan Albert I, hartoch fan Mecklenburg (1525-1576), waard it kastiel ferboud yn in paleis. De ferdigeningsfunksje krige minder omtinken troch it oanbringen fan mear dekoraasjes en der waarden konsesjes dien om der nofliker yn te wenjen. In pear jier nei de ferbouwing waard fan 1560 oant 1563 de kapel op 'e nij boud. Dy kapel waard de earste nije protestantske tsjerke fan it hartochdom en de arsjitektuer fan 'e tsjerke wie ynspirearre troch tsjerken yn Torgau en Dresden. It kastiel hie lykwols noch wol ferdigening nedich en earne healwei de 16e iuw waarden bastions yn it noardwest, súdwest en súdeast boud. De bastions waarden letter ferskillende kearen oanpast, mar binne der noch jimmeroan.

Foar it útbrekken fan 'e Tritichjierrige Kriich makke arsjitekt Ghert Evert Piloot plannen om it paleis hielendal op 'e nij te bouwen yn 'e styl fan 'e Nederlânske renêssânse. Yn 1617 sette it wurk útein, mar fanwegen de oarloch moast it wurk al gau dellein wurde. In diel fan syn plannen waarden tusken 1635 en 1643 noch útfierd mei de bou fan gevels yn 'e Nederlânske renêssânse fan 'e hûzen boppe de paleiskeuken en boppe de kapel.

Yn dy tiid waard der in fakwurkbou by de kapel boud om de kolleksje skilderijen fan 'e aartshartoch ûnder te bringen. Ek waard it teehûs boud, mar it hôf ferhûze yn 1756 nei it Slot Ludwigslust.

19e iuw.
 
It slot fan Schwerin foar de ferbouwing fan 1845.

Yn 1837 ferhûze it hôf werom nei Schwerin, mar it gebou wie net goed ûnderholden en de gruthartoch wie net tefreden mei de ferskillende boustilen fan 'e yndividuele gebouwen.

Gruthartoch Freark (1800–1842) joech syn arsjitekt Georg Adolph Demmler (1804–1886) opdracht it paleis te ferbouwen. In pear moanne letter waard it wurk troch syn opfolger Freark Frâns II (1823–1883) stillein, dy't in komplete rekonstruksje fan 'e histoaryske bou woe. Alline in pear dielen fan it gebou út de 16e en 17e iuw bleaune bewarre. De Dresdenske arsjitekt Gottfried Semper (1803–1879) en de Berlynske arsjitekt Friedrich August Stüler (1800–1865) koene de gruthartoch net oertsjûgje fan harren plannen. Demmler brûkte eleminten fan beide yn syn plan, mar fûn fral ynspiraasje yn 'e Frânske renêssânsekastielen. Ek oare kastielen fan 'e Loire-delling lykas Chambord, ynspirearren him en droegen by oan 'e bou fan 1843 oant 1851. Syn opfolger Stüler brocht wer wat feroaringen oan, lykas it ruterstânbyld en de koepel.

Heinrich Strack (1805–1880) út Berlyn waard keazen om it ynterieur te ûntwerpen. It measte wurk waard dien troch ambachtslju út Schwerin en Berlyn. In brân fernielde likernôch in tredde fan it slot yn desimber 1913. Doe't de revolúsje fan 1918 yn 'e abdikaasje fan 'e gruthartoch resultearre, wie allinne it eksterieur fan it slot foltôge. It slot waard in museum en yn 1948 de sit fan it regionale parlemint. Tusken 1952 en 1981 brûkte de DDR it gebou as oplieding foar beukerliedsters en foar dat doel waarden romten fan it kastiel ferboud, lykas it ynbringen fan betonnen muorren om gelikense lokalen te krijen. Dêrnei waard it wer in keunstmuseum oant 1993.

Sûnt 1990 wurdt it wer brûkt troch it parlemint fan 'e dielsteat Mecklenburg-Foarpommeren. Grutte renovaasjes binne sûnt útfierd, wêrby't de feroaringen yn 'e DDR-tiid werom draaid binne. Yn 2019 wie it measte wurk foltôge

Petermännchen

bewurkje seksje

Der wurdt sein dat it Petermännchen (Lytse Piter) troch de gongen fan it Schweriner Slot spûket. Dat ûnsichtbere mantsje is net mear as in meter heech en wurdt faak yn 17e-iuwske klean útbylde. Guon legindes beskriuwe him as in smid mei in lang burd, in nachtweitsjer of ien dy't fiten úthellet by minsken dy't it slot kwea dwaan of wat stelle wolle.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: