Lowell "Sly" Fillmore Dunbar (10 maaie 1952, Kingston, Jamaika) is in drummer.

Sly op toernee mei Peter Tosh, 1979

Dunbar syn bynamme soe te krijen hân hawwe mei syn bewûndering foar Sly & the Family Stone. Hy begûn al mei spyljen doe't er 15 jier âld wie, by in pleatslik groepke The Yardbrooms. Syn opnamedebút wie yn 1969 doe't er ferskynde op it album Double Barrel, fan Dave and Ansell Collins mei wa't er letter ek spile yn de band Skin, Flesh And Bones.

Yn 1972 moete er Robbie Shakespear (1953-2020), doetiids bassist by de The Hippy Boys, it waard in libbenslange freonskip en gearwurking. It duo briek troch doe't hja mei Peter Tosh op syn album, Legalize It (1976) spilen. Hja bleaune mei Tosh syn band spyljen, op nochris fjouwer albums, oant 1979 en hja produsearren Tosh's hit mei Mick Jagger, "(Keep On Walking) Don't Look Back" (1978).

De kombinaasje Sly en Robbie wurd wol beskôge as de bêste ritmeseksje dy't der te keap is yn de reggaewrâld.

Dunbar en Shakespear stiftsje yn 1980 harren Taxi Records label. Dit label brocht wurk út fan ynternasjonaal súksesfolle artysten as Black Uhuru, Chaka Demus and Pliers, Ini Kamoze, Beenie Man en Red Dragon.

Dunbar spile foar The Aggrovators fan Bunny Lee; The Upsetters fan Lee Perry, 'The Revolutionaries' fan Joseph Hoo Kim en die de opname/produksje foar Barry O'Hare yn jierren 1990.

Sly en Robbie spilen ek op Bob Dylan's albums Infidels en Empire Burlesque. Fierders dienen hja mei oan trije albums fan Grace Jones, en wie der gearwurking mei Herbie Hancock en The Rolling Stones.

  • 1981: That Man Is Forward
  • 1978: Simple Sly Man
  • 1982: Sly-Go-Ville
  • 1977: Equal Rights
  • 1978: Bush Doctor
  • 1979: Mystic Man
  • 1980: Wanted Dread or Alive
  • 1979: Showcase
  • 1980: Sinsemilla
  • 1981: Red
  • 1982: Chill Out
  • 1984: Anthem
  • 1986: Brutal
  • 1987: Positive
  • 1987: Guess Who’s Coming to Dinner
  • 1990: Now

Sly & Robbie

bewurkje seksje
  • 1979: Sly Wicked and Slick
  • 1981: The 60's, 70's into the 80's = Taxi
  • 1985: Language Barrier
  • 1987: Rhythm Killers
  • 1988: The Summit (UK)
  • 1999: Drum and Bass Strip to the Bone feat. Howie B
  • 1999: X-Uhuru
  • 2001: In Good Company
  • 2002: Dub Transmission Specialists – Off Duty
  • 2003: Late Night Tales
  • 2004: Sly & Robbie Meet the Mad Professor
  • 2004: Version Born

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ingelsktalige Wikipedia, Sly Dunbar