Slûpskutter
In slûpskutter is skerpskutter dy't ornaris allinnich, mar soms as ien fan in pear of as lid fan in tiim wurket om skerp fisueel kontakt mei de fijân te behâlden en út ferskûle posysjes wei doelwiten ûnder fjoer te nimmen. Slûpskutters komme benammen foar yn 'e kriichsmacht, mar ek wol by de plysje. Yn 'e kriichmacht falle se ornaris ûnder de kommando's of de mariniers. It binne tige goed treende spesjalisten dy't gebrûk meitsje fan saneamde slûpskuttersgewearen mei in útsûnderlik hege presyzje mar dy't relatyf stadich werladen wurde. De termen 'slûpskutter' en 'skerpskutter' wurde gauris trochinoar brûkt, hoewol't se in danich ferskillende betsjutting hawwe. Skerpskutters operearje yn 'e regel yn groepsferbân mei oare skerpskutters en/of mei oare troepen. Slûpskutters, oan 'e oare kant, wurkje folslein los fan 'e 'gewoane' troepen en dogge alle war om ferburgen te bliuwen. Boppedat leverje skerpskutters inkeld presyzjefjoer oer lange ôfstannen, wylst slûpskutters ek geregeldwei ynset wurde foar militêre ferkenning en om koördinaten troch te jaan foar artilleryfjoer of bombardeminten troch de loftmacht.
De selsstannige operaasjewize fan slûpskutters makket dat se net folle stipe ynroppe kinne as se yn 'e knipe komme. Faak is it wol mooglik om 'e loftmacht om in bombardemint yn 'e neite fan 'e eigen posysje te freegjen, mar dat is gjin presyzjeynstrumint en kin de slûpskutter dêrom sels likegoed fataal wurde as syn fijannen. De trening fan slûpskutters omfiemet sadwaande de ûntwikkeling fan in breed ferskaat oan feardichheden, dy't harren by steat stelle moatte om sels yn 'e dreechst mooglike omstannichheden selsstannich te oerlibjen. Foar it eigentlike slûpsjitwurk moatte slûpskutters leare om oeren lang in selde posysje te hâlden en har sa min mooglik te bewegen om harren oanwêzigens net oan 'e fijân te ferrieden. Los dêrfan wurde militêre slûpskutters ek treend op it mêd fan it ûntdekken fan fijannige slûpskutters, it beslûpen fan fijannige posysjes, kamûflaazje, ynfiltraasje, observaasje en surveillânse.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, op dizze side.
|