Smoarge Piter, yn it oarspronklike Dútsk: Der Struwwelpeter, is in berneboek en fierwei it bekendste wurk fan 'e Dútske psychiater, skriuwer en dichter Heinrich Hoffmann (1809-1894). It is in bondeltsje fan tsien fleurich fertelde en yllústrearre koarte ferhalen op rym, dy't op ien nei allegear oer ûndogenske bern geane, en in dúdlike moraal hawwe dy't de rampsillige gefolgen fan dôfhûdich hâlden en dragen op oerdreaune wize oantoant. Hoewol't de ferhalen tsjintwurdich foar in part hurd en wreed oandogge, en in wol hiel belearende toan oanslane, hie men dêr yn 'e njoggentjinde iuw gjin euvelmoed yn. It boekje waard foar it earst publisearre yn 1845 ûnder de titel Lustige Geschichten und Drollige Bilder für Kinder von 3-6 Jahren ("Koartswilige Teltsjes en Grappige Tekenings foar Bern fan 3-6 Jier"), mar fan 'e fjirde printinge yn 1847 ôf kaam it bekend te stean ûnder de titel fan it earste fan 'e tsien ferhalen, Der Struwwelpeter. It boek waard in grut súkses en is noch altyd ien fan 'e populêrste berneboeken yn it Dútske taalgebiet. Yn 2010 waard it troch oersetter Jacobus Q. Smink fertaald yn it Frysk.

Smoarge Piter
algemiene gegevens
oarspr. titel Der Struwwelpeter
auteur Heinrich Hoffmann
taal Dútsk
foarm ferhalebondel
sjenre berneboek
1e publikaasje 1845
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Smoarge Piter
publikaasje 2010, Wiuwert/Neckarsteinach
útjouwer Hispel/Verlag Tintenfass
oersetter Jacobus Q. Smink
ISBN oers. 978-9 07 45 16 112
  1. Struwwelpeter ("Smoarge Piter") giet oer in jonge dy't it ferpoft om him te waskjen en syn hier en neilen te knippen, en dy't sadwaande troch de oare bern skoudere wurdt.
  2. Yn Die Geschichte vom Bösen Friederich ("It Ferhaal fan Stoute Freark") terrorisearret in gewelddiedige jonge bisten en minsken. Uteinlik wurdt er biten troch in hûn, dy't dêrnei syn iten opfret wylst de jonge him op bêd hâlde moat om op te betterjen.
  3. Yn Die Gar Traurige Geschichte mit dem Feuerzeug ("It Alderaaklikste Ferhaal fan 'e Lúsjefers") boartet in famke mei lúsjefers en ferbrânt dêrtroch libben.
  4. Yn Die Geschichte von den Schwarzen Buben ("It Ferhaal fan 'e Swarte Knapen") wurde trije jonges der troch Sinterklaas op trappearre dat se in jonge mei in dûnkerder hûdskleur narje. Om harren in leske te learen, dipt er harren yn swarte inket, sadat se noch dûnkerder fan hûdskleur wurde as harren slachtoffer.
  5. Die Geschichte von dem Wilden Jäger ("It Ferhaal fan 'e Wylde Jagers") is it iennichste teltsje fan 'e bondel dat net yn it foarste plak oer bern giet. De haadrol is ynstee weilein foar in hazze, dy't in jager syn bril en musket ûntnaderet en dan de jager sels bejaget. Yn it trelit dat dan ûntstiet, kriget it jong fan 'e hazze gleone kofje oer him hinne en knoffelet de jager yn in saad, wat, nei't men oannimme mei, syn dea wurdt.
  6. Yn Die Geschichte vom Daumenlutscher ("It Ferhaal fan 'e Tomkesobber") warskôget in mem har soan dat er ophâlde moat mei tomkesobjen. As hja lykwols eefkes fuort moat, giet er der wer gewoan mei troch, oant der in skroar oan 'e doar komt, dy't mei syn kleanskjirre it jonkje de tommen ôfknipt.
  7. Die Geschichte vom Suppen-Kaspar ("It Ferhaal fan Sop-Kasper") set útein as in sûne, sterke jonge beslút om tenei syn sop stean te litten. Yn 'e fiif dagen dy't folgje beklinkt er alhiel, oant er stjert.
  8. Yn Die Geschichte vom Zappel-Philipp ("It Ferhaal fan Rideljende Filip") reaget in jonge dy't ûnder iten net stil sitten bliuwe wol ta ôfgriis en lulkens fan syn âldelju alle iten fan 'e tafel ôf.
  9. Die Geschichte von Hans Guck-in-die-Luft ("It Ferhaal fan Hâns Kyk-yn-'e-Loft") giet oer in jonge dy't nea net útsjocht wêr't er rint. Op in dei rint er yn in rivier; hysels wurdt rillegau rêden, mar syn dierbere notysjeboekje is er kwyt.
  10. Yn Die Geschichte vom Fliegenden Robert ("It Ferhaal fan 'e Fleanende Robert") giet in jonge ûnder in stoarm nei bûten ta. De wyn komt ûnder syn paraplu, skuort him mei de loft yn en blaast him fier fuort, en, nei't men oannimme mei, syn needlot yn 'e mjitte.
 
Tuusterpäiter, de Sealterfryske oersetting, troch Margaretha Grosser.

Hjir in lytse tekst fan 'e útjouwerij:
As de bern gjin fiten ha,
Komt Sint Piter nei har ta;
As se harren sop opite
En it brea ek net fersmite,
As se, sûnder folle leven,
Stil bin ûnder 't iten even,
By in kuier op 'e strjitte
Troch har mem har liede litte,
Bringt er harren guod temûk
En in skoander printsjeboek.

Hjir in lytse tekst út it boek:
Sjoch ris oan, hjir stiet er,
Fij, dy Smoarge Piter!
Fan de hannen beide
Liet er him de neilen
Net ris knippe hast in jier,
Kjimme liet er net syn hier.
"Fij!", ropt elk, "dêr giet er,
Wat in Smoarge Piter!"

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan Der Struwwelpeter ferskynde yn 2010 yn in boekje fan 32 siden ûnder de titel Smoarge Piter, as in mienskiplike útjefte fan útjouwerij Hispel, te Wiuwert en Verlag Tintenfass yn it Dútske Neckarsteinach. De fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Quiryn Smink, dy't ek it ferneamde Frânske berneboek Le Petit Prince yn it Frysk oerset hat. Yn 2010 is Der Struwwelpeter ek yn it Sealterfrysk oerset troch Margaretha Grosser, ûnder de titel "Tuusterpäiter", en troch Kai Klint yn it Sölringer dialekt fan it Noardfrysk ûnder de titel Tuusipetji.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hoffmann, Heinrich, Smoarge Piter, Wiuwert/Neckarsteinach, 2010 (Hispel/Verlag Tintenfass), ISBN 978-9 07 45 16 112 (Fryske oersetting; fersprieding yn Nederlân: Hispel, Terp 31, 8637 VH Wiuwert).
  • Hoffmann, Heinrich, Tuusterpäiter, Neckarsteinach, 2010 (Verlag Tintenfass), ISBN 978-3 93 74 67 825 (Sealterfryske oersetting).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.