Jacobus Q. Smink
Jacobus Q. Smink (folút: Jacobus Quiryn Smink; Sondel, 31 jannewaris 1954 - Eindhoven, 26 jannewaris 2024) wie in Frysk dichter en oersetter, waans wurk yn it Frysk publisearre waard.
Jacobus Q. Smink | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jacobus Quiryn Smink | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 31 jannewaris 1954 | |
berteplak | Sondel (Fryslân) | |
stoarn | 26 jannewaris 2024 | |
stjerplak | Eindhoven (Noard-Brabân | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | poëzij, oersettings | |
bekendste wurk(en) |
Sondelfal (poëzij) It Achterhûs (fert.) De Lytse Prins (fert.) | |
prizen | Gysbert Japicxpriis 2013 | |
jierren aktyf | 1983 – 2022 | |
offisjele webside | ||
www.jimladream.com |
Eftergrûn
bewurkje seksjeSmink, de soan fan in bekende Fryske hynstefokker, groeide op yn syn berteplak Sondel. Hy wie in jongere broer fan 'e akteur Freark Smink. Hy studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei ferhuze er yn 1980 nei Noard-Brabân. Sûnt 1983 wenne er yn Eindhoven, dêr't er oan in middelbere skoalle lesjoech yn Nederlânsk en kommunikaasjekunde.
Dichter
bewurkje seksjeAl op skoalle skreau Smink lietteksten, al wie it doe noch yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk. Nei't er yn syn stúdzjetiid mei de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga yn 'e kunde kommen wie, ûntduts er dat er leaver yn it Frysk skreau. Yn 1972 debutearre er as Jacob Smink yn it doe krekt oprjochte literêre tydskrift Hjir, mei in koart ferhaal (Hwa wit) en in gedicht (Leaf Famke). Yn 1983 joech er yn eigen behear de dichtbondel Apàrte Fersen út. Twa jier letter ferskynde by de Koperative Utjouwerij de bondel Wurk fan de Achtste Dei, Sminks earste "offisjele" bondel, ûnder syn skriuwersnamme Jacobus Q. Smink. De inisjaal Q foar Quiryn hied er der yn 1979 sels by betocht.
Yn Smink syn wurk, dat bytiden as sletten, mar ek wol as suggestyf en boartlik omskreaun wurde kin, is in wichtige rol weilein foar froulju (famkes en dochters). Syn gedichten wurde karakterisearre troch in nearne mei klam oanwêzige, mar dochs klearebare eroatyske ûndertoan, dy't in beskate spanning oanjout. Troch resinsinten waard oer syn wurk ûngelikens tocht. Eppie Dam skreau yn 1994 oer de yn datselde jier ferskynde bondel Lingerich Tekstyl & Swarte Side: "Alles wat sa karakteristyk is foar syn poëzij sit deryn: kronkeljende ideeën, yntrigearende dwersferbannen, eigensinnige formules, fernuftige neologismen, wanstaltige konstruksjes, steurend gebabbel, irritante kryptokokken. Mar wat der noch by komt: de superieure achteleasheid fan tafallichheden. As [...] joech de Muze it har beminde yn de sliep." Albertina Soepboer, dêrfoaroer, wie yn 1995 fan betinken: "Smink mist de subtiliteit om echt oer erotyk te skriuwen. Wat hy aan erotyk suggerearret, wurdt faak yn de folgjende regel alwer teneate dien."
Oersetter
bewurkje seksjeSmink sette ferskate boeken oer yn it Frysk, wêrûnder It Achterhûs fan Anne Frank, Le Petit Prince fan Antoine de Saint Exupéry, Die Geschichte von Herrn Sommer fan Patrick Süskind en Smoarge Piter fan Heinrich Hoffmann. Ek fertaalde er Astrid Lindgren har bekende berneboek Ronja Rövardotter oer ta Ronja Rôversdochter. Datselde wurk makke er ek ta in toanielstik dat yn 2000 en 2001 opfierd waard troch Tryater.
Oare literêre aktiviteiten
bewurkje seksjeSmink wie sûnt 1975 redakteur fan Hjir, wêryn't er sels ek geregeldwei publisearre. Boppedat wied er lid fan it bestjoer fan Hispel, de stifting dy't Hjir útjout.
Ferstjerren
bewurkje seksjeJacobus Q. Smink ferstoar op 26 jannewaris 2024 yn 'e âldens fan 69 jier.[1]
Wurk
bewurkje seksjePoëzij
- 1983: Apàrte fersen
- 1985: Wurk fan de achtste dei
- 1988: Foar de famkes
- 1991: Mei beide lippen
- 1992: Freonskrift
- 1994: Lingerich tekstyl & swarte side
- 1995: Minskegedichten
- 2009: Sondelfal
- 2013: Adams apel
- 2015: Tongermolke
Oersettingen
- 1995: It Achterhûs (Het Achterhuis, Anne Frank)
- 1999: De Lytse Prins (Le Petit Prince, Antoine de Saint-Exupéry)
- 2000: Smoarge Piter (Der Struwwelpeter, Heinrich Hoffmann)
- 2000/2001: Ronja Rôversdochter (Ronja Rövardotter, Astrid Lindgren)
- 2001: It ferhaal fan de hear Simmer (Die Geschichte von Herrn Sommer, Patrick Süskind)
- 2006: Myn lytse oarloch (Mijn kleine oorlog, Louis Paul Boon)
Priis
bewurkje seksje- 2013: Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel Sondelfal (2009)
Keppelingen om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|