Antoine de Saint-Exupéry
Antoine de Saint-Exupéry (útspr.: /ɑ̃twan də sɛ̃tɛɡzypeʁi/; folút: Antoine Marie Jean-Baptiste Roger de Saint-Exupéry, Saint-Maurice-de-Rémens, 29 juny 1900 - by Marseille, 31 july 1944) wie in Frânske skriuwer, dichter en fleander. Hy krige grutte ferneamdens troch syn berneboek Le Petit Prince, dêr't wrâldwiid 140 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne en dat oerset is yn mear as 250 talen. Hy ferlear it libben yn 'e Twadde Wrâldoarloch by in militêre aksje boppe de Middellânske See.
Antoine de Saint-Exupéry | ||
skriuwer | ||
Antoine de Saint-Exupéry te Montréal, yn Kanada (maaie 1942). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Antoine Marie Jean-Baptiste Roger de Saint-Exupéry | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 29 juny 1900 | |
berteplak | Saint-Maurice-de-Rémens (Frankryk) | |
stoarn | 31 july 1944 | |
stjerplak | by Marseille (Middellânske See) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, berneboeken, fantasy, essay's, non-fiksje, autobiogr., poëzij | |
perioade | 1e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
L'Aviateur Vol de Nuit Le Petit Prince | |
jierren aktyf | 1926 – 1944 | |
offisjele webside | ||
www.antoinedesaintexupery.com |
Libben en dea
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeSaint-Exupéry wie fan aadlik komôf en waard berne as de soan fan Jean boarchgreve de Saint-Exupéry en Marie baronesse Boyer de Fonscolombe. Syn iere jonkheid, dy't er trochbrocht mank ien broer (François) en trije susters (Marie-Madeleine, Simone en Gabrielle), wie tige lokkich. De bern boarten in protte mei-inoar, fierden toanielstikjes op en makken muzyk (fioele en piano). Yn 1904 stoar syn heit lykwols tige hommels oan in oerhaal en sadwaande moast syn mem fan dy tiid ôf har fiif bern allinnich grutbringe. Oant er tsien wie, wenne Saint-Exupéry ôfwikseljend op it Château de la Môle, yn 'e Var, dat yn it besit wie fan syn beppe oan memmekant, en op it kastiel fan Saint-Maurice-de-Rémens, yn Ain, dat eigendom wie fan ien fan syn muoikes. Yn 1909 ferfear it gesin nei Maine, dêr't Saint-Exupéry syn heit hikke en tein wie. De Earste Wrâldoarloch brocht er troch op in kostskoalle yn it Switserske Freiburg, dêr't syn jongere broer François op tragyske wize kaam te ferstjerren oan akute reuma.
Militêre tsjinst
bewurkje seksjeNei't er twaris sakke wie foar syn eineksamen foar de tariedende oplieding fan 'e Frânske marine-akademy (mei sin, tinke guon), skreau Saint-Exupéry him yn oan 'e École des Beaux-Arts, dêr't er fyftjin moanne lang kolleezjes arsjitektuer folge, op 'e nij sûnder ôf te studearjen. Dêrnei naam er hjir en dêr losse putsjes oan. Yn 1921 begûn er syn militêre karriêre by it 2de Rezjimint Lichte Kavalery te Neuhof, deunby Straasburch. Dêre naam er ûnderwilens priveefleanlessen, en in jier letter waard him oanbean om oer te stappen fan 'e Frânske lânmacht nei de loftmacht. As loftmachtpiloat waard er earst yn Kasablanka, yn Frânsk Marokko legere, en letter by Le Bourget, fuort bûten Parys, dêr't er it earste fan in lange rige fleantúchûngemakken belibbe. Under druk fan 'e famylje fan syn ferloofde, de lettere skriuwster Louise Lévêque de Vilmorin, ferliet Saint-Exupéry doe de loftmacht en naam in kantoarbaan; de ferloving waard úteinlik likegoed ferbrutsen.
Fleander
bewurkje seksjeTsjin 1926 hie Saint-Exupéry wer wurk as piloat fûn. Hy waard ien fan 'e pioniers fan 'e ynternasjonale postflechten yn in tiid dat fleantugen noch mar in bytsje ynstruminten hiene. Dêrby fleach er foar Aéropostale tusken Toulouse en Dakar, oer de Sahara. Letter waard er ek oansteld as behearder fan it tuskenstopfleanfjild by Kaap Juby, yn 'e Spaanske sône fan Súd-Marokko. Yn dy hoedanichheid wist er û.m. troch ûnderhannelings in delstoarte fleander dy't yn gizeling holden waard troch in pleatslike Arabyske stamme frij te krijen, wat him syn earste Légion d'Honneur-ûnderskieding fan it Frânske regear opsmiet. Yn 1929 waard Saint-Exupéry oerpleatst nei Argentynje, dêr't er direkteur waard fan Aeroposta Argentina.
Underwilens hied er súkses behelle mei syn skriuwen, dat almeast oer de loftfeart gie en gauris basearre wie op autobiografyske ûnderfinings. Yn 1931 troude er mei de Salvadoraanske skriuwster en keunstneresse Consuelo Suncin Sandoval (1901-1979), dy't doe al twaris widdo wie. Harres wie in stoarmeftich houlik, en Saint-Exupéry gie troch de jierren hinne ferskate kearen by har wei om letter wer by har werom te kearen. Harren houlik bleau sûnder bern.
Yn 1935 die Saint-Exupéry mei oan 'e loftrace fan Parys nei Saigon, dêr't in priis fan 150.000 franks mei te winnen wie. Op 30 desimber, om 02:45 moarns, nei 19 oeren and 44 minuten flein te hawwen, stoarte syn fleantúch del yn 'e Sahara, nei't men tinkt tichteby de delling fan 'e Wadi Natrun, net fier fan 'e Nyldelta ôf. Wûnder boppe wûnder oerlibben sawol hysels as syn boardwurktúchkundige en navigator André Prévot it ûngelok mei net mear lichte ferwûnings. Dat feroare lykwols neat oan 'e sitewaasje dat se op in plak bedarre wiene dêr't se noch de kennis, noch de útris foar hiene om der te oerlibjen. Nei fjouwer dagen, doe't se by tafal fûn waarden troch in bedoeyn, wiene se sa útdrûge dat se op stjerren nei dea wiene. Dat suver fatale ûngemak en de neisleep derfan lieten in djippe yndruk efter by Saint-Exupéry, en it kaam neitiid dan ek ferskate kearen werom yn syn skriuwwurk (lykas yn Le Petit Prince).
Twadde Wrâldoarloch
bewurkje seksjeBy it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch, yn 1939, naam Saint-Exupéry wer tsjinst by de Frânske loftmacht. Hy fleach ferkenningsmissys oant de Frânsk-Dútske wapenstilstân fan 1940. Nei't er demobilisearre wie, reizge er nei de Feriene Steaten om op eigen manneboet te besykjen it Amerikaanske regear oer te heljen en gean de striid oan mei nazy-Dútslân. Yn 'e simmer fan 1942 joech er him by loftmacht fan De Gaulle syn Frije Frânsen, yn Noard-Afrika, al wied er doe al fier foarby de maksimale âldens foar sokke piloaten, wylst syn sûnens ek te winskjen oer liet.
Op 31 july 1944 fierde er yn in Lockheed Lightning P38J fan in basis op Korsika ôf in ferkenningsflecht út boppe de Rônedelling, yn it ramt fan 'e Alliëarde risselwaasjes foar in ynfaazje fan Súd-Frankryk. Hy kearde lykwols nea werom. Syn ferdwining bleau lang in riedsel, mei't syn lichem noch syn fleantúch fûn waarden. Dêrfandinne dat men begûn te spekulearjen oft er mei in wanhoopsdie sels ek in ein oan syn libben makke hie. Mar op 7 april 2004 waard einlings en te'n lêsten foar de kust fan Marseille, op in djipte fan 60 m, it wrak fan syn tastel fûn, sadat men no ek offisjeel wit wat der fan him wurden is. Troch syn manear fan stjerren is Saint-Exupéry in ikoan fan 'e Frânske literatuer wurden, ferlykber mei Marilyn Monroe foar Hollywood en Kurt Cobain foar de popwrâld. Nei him is û.m. de lofthaven Lyon-Saint-Exupéry en de planetoïde (2578) Saint-Exupéry neamd.
Yn maart 2008 waard bekendmakke dat Horst Rippert, de broer fan 'e Dútske sjonger Iwan Rebroff, yn 1944 Saint-Exupéry syn fleantúch delhelle hie. Rippert sei in grut bewûnderder fan 'e skriuwer te wêzen en grutte spyt fan syn die ta hawwen. Der is lykwols gjin bewiis foar Rippert syn bewearings.
Wurk
bewurkje seksje- 1926: L'Aviateur ("De Piloat"; koart ferhaal)
- 1929: Courrier Sud ("Súdlike Post"; roman)
- 1931: Vol de Nuit ("Nachtflecht"; roman)
- 1939: Terre des Hommes ("Lân fan Minsken"; roman)
- Ingelske oersetting: Wind, Sand and Stars (dizze lyktidich útkommen Ingelske "oersetting" ferskilde frijwat fan it Frânsktalich orizjineel, mei't Saint-Exupéry stikken út 'e Frânske tekst dy't er net gaadlik achte foar de Ingelsktalige lêzer fuorthelle en dêr oare passaazjes, dy't er spesifyk talei op in Amerikaansk publyk, foar yn 't plak sette)
- 1942: Pilote de Guerre ("Oarlochspiloat"; roman)
- 1943: Le Petit Prince (berneboek)
- Fryske oersetting: De Lytse Prins (fert. Jacobus Q. Smink, 1998, werútjefte 2012)
- Sealterfryske oersetting: Die Litje Prins (fert. Margaretha Grosser, 2009)
- Noardfryske (Fering) oersetting: De Letj Prens (fert. Antje Arfsten, 2010)
- Noardfryske (Mooring) oersetting: Di Latje Prins (fert. Ingo Laabs, 2010)
- Noardfryske (Sölring) oersetting: Di Litj Prins (fert. Erk-Uwe Schrahé, 2011)
- 1944: Lettre à un Otage, ("Brief oan in Gizelder"; essay)
- 1948: Citadelle ("Sitadel"; essay)
- 1950: Lettres à une Jeune Fille ("Brieven oan in Jong Famke")
- 1953: Lettres de Jeunesse, 1923-1931 ("Jeugdbrieven, 1923-1931")
- 1953: Carnets ("Bûsboekjes")
- 1955: Lettres à sa Mère ("Brieven oan syn Mem")
- 1956: Un Sens à la Vie ("In Gefoel foar it Libben"; roman)
- 1960: Lettres de Saint-Exupéry ("Brieven fan Saint-Exupéry")
- 1960: Lettres aux Americains ("Brieven oan Amerikanen")
- 1982: Écrits de Guerre, 1939-1944 ("Oarlochsgeskriften, 1939-1944")
- 2007: Manon, Danseuse ("Manon, Dûnseresse")
- 2008: Lettres à l'Inconnue ("Unbekende Brieven")
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee wijd oan Antoine de Saint-Exupéry en syn wurk
- De Luftwaffe en Saint-Exupéry: it bewiis
- Ofbylde fan Saint-Exupéry
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|