It Achterhûs (deiboek)
It Achterhûs: Deiboekbrieven 14 juny 1942 - 1 augustus 1944 is de Fryske oersetting fan it oarspronklik yn it Nederlânsk skreaune Het Achterhuis: Dagboekbrieven 14 juni 1942 - 1 augustus 1944, it deiboek dat de jonge joadinne Anne Frank yn 'e Twadde Wrâldoarloch goed twa jier lang ûnderhold, wylst se mei har gesin en ferskate oaren ûnderdûkt siet yn it efterhûs fan in Amsterdamsk greftepân.
It Achterhûs | ||
De útjefte fan 1947 | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Het Achterhuis | |
auteur | Anne Frank | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | deiboek | |
skreaun | 1942-1944 | |
1e publikaasje | 1947, Amsterdam | |
oarspr. útjwr. | Contact Publishing | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Achterhûs | |
publikaasje | 1995, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Fryslân / Afûk | |
oersetter | Jacobus Q. Smink | |
ISBN oers. | 9 07 00 98 458 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeUnder de besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch moasten Anne Frank, har heit Otto, har mem Edith en har trije jier âldere suster Margot ûnderdûke om te ûntkommen oan deportaasje troch de Dútsers nei de konsintraasjekampen. Yn 'e mande mei in oar joadsk gesin, besteande út Hermann van Pels, dy syn frou Auguste en harren pubersoan Peter, setten se harren op 4 july 1942 nei wenjen yn 'e boppekeamers fan it efterhûs yn it gebou dêr't Otto Frank it kantoar fan syn speserijehannel hie, oan 'e Prinsegrêft nû. 263 yn Amsterdam. De tagong ta it efterhûs waard op yngenieuze wize ferburgen efter in boekekast en elts kontakt mei de bûtenwrâld, lykas om oan iten te kommen, ferrûn fia in fjouwertal net-joadske helpers, Johannes Kleiman, Victor Kugler, Miep Gies en Bep Voskuijl. Fjouwer moannen letter joech frou Van Pels har toskedokter, Fritz Pfeffer, him by harren as achtste ûnderdûker.
Op har trettjinde jierdei, op 12 juny 1942, hie Anne Frank ta kado in readrutens deiboek krigen en twa dagen letter, dus tweintich dagen foar't se mei har gesin ûnderdûkte, begûn se deryn te skriuwen. Lange tiid skreau hja allinne foar harsels, mar doe't se yn 'e maityd fan 1944 in op Radio Oranje in taspraak fan minister fan ûnderwiis yn ballingskip Gerrit Bolkestein hearde, wêryn't dy sei dat nei de oarloch it lijen fan it folk ûnder de besetting iepenbier makke wurde moast en dat deiboeken dêr tige gaadlik foar wiene, besleat se om har eigen deiboek nei de oarloch foar dat doel te brûken. Se ûnderhold it deiboek oant se mei de oare bewenners fan it efterhûs begjin augustus 1944 ferret waard.
It ferrie resultearre deryn dat de ûnderdûkers oppakt waarden troch de Grûne Polizei en ôffierd nei Kamp Westerbork. Dêrwei waard Anne Frank letter mei har suster Margot nei it konsintraasjekamp Bergen-Belsen deportearre, dêr't se stoar oan tyfus yn 'e earste helte fan maart 1945, in pear wiken foar't de oerlibjende finzenen dêre yn april 1945 befrijd waarden troch Britske troepen. Fan 'e acht ûnderdûkers út it efterhûs oerlibbe allinne Otto Frank de oarloch.
Deiboek
bewurkje seksjeYn har deiboek skreau Anne Frank oer deistige foarfallen, mar lei hja ek har djipste gefoelens en tinzen fêst. Hja ferpersoanlike dêrby har deiboek as "Kitty", om't se in kammeraatske brek wie oan wa't se har geheimen kwyt koe, en skreau yn brieffoarm, stiiffêst begjinnend mei "Lieve Kitty". Dat hja dêrby gebrûk makke fan skûlnammen om har mei-ûnderdûkers en de fjouwer helpers oan te tsjutten, makket dúdlik dat se har bewust wie fan 'e earnst fan 'e sitewaasje. Sa feroare it gesin Van Pels yn 'e famylje Van Daan, en Fritz Pfeffer waard Albert Dussel, wylst Miep Gies omneamd waard ta Miep van Santen en Bep Voskuijl ta Elli Vossen.
De frekwinsje fan har skriuwen naam ta neigeraden dat se langer ûnderdûkt siet; Anne brûkte har deiboek as in útlitklep, mei't de lytse argewaasjes, feroarsake troch it allegeduerigen mei-inoar opskipe sitten, útwoeksen ta grutte spannings. Fral de relaasje mei har mem rûn dêrby skea op. Ek har opkommende gefoelens fan in hiel oar soarte foar de jonge Peter van Pels lei se fêst yn har deiboek.
Utjefte
bewurkje seksjeNei it ferrie fûnen Miep Gies en Bep Voskuijl yn it efterhûs it deiboek en bewarren it soarchfâldich. Doe't nei de oarloch allinne Otto Frank weromkearde, waard it deiboek oan him jûn as beërf fan syn ferstoarne dochter. De earste transkripsje waard makke troch Otto Frank sels, yn brieven oan syn famylje yn Switserlân. De twadde wie in wat redigearre ferzje dy't Frank graach útjûn hawwe woe, mei in epilooch derby troch in freon fan 'e famylje wêryn't it lot fan 'e auteur beskreaun waard. Dy ferzje kaam yn 'e maityd fan 1946 ûnder de oandacht fan dr. Jan Romein, in histoarikus, dy't der sa fan ûnder de yndruk wie dat er der in stik oer skreau yn Het Parool.
Dat hie fan gefolgen dat de útjouwerij Contact Publishing, te Amsterdam, kontakt socht mei Frank om it deiboek te publisearjen. Op oanrieden fan 'e útjouwer paste Frank it noch wat fierder oan, sadat it in gekuiste ferzje wie dy't op 25 juny 1947 útkaam. It boek ferkocht goed; yn 1950 waard der al in sechsde printinge op 'e merk brocht. Datselde jiers ferskynde ek de earste oersetting, yn it Dútsk. In Ingelske oersetting kaam út yn 1952. Sûnt is It Achterhûs oerset yn 70 talen (stân fan saken jannewaris 2013). Der waard ek in toanielstik fan makke, wêrfan't de Ingelsktalige ferzje yn 1955 in Pulitzerpriis wûn. Ferskate films waarden der ek op basearre, lykas The Diary of Anne Frank, út 1959, dy't trije Oscars wûn.
Lettere útjeften fan It Achterhûs hawwe de kuising fan 1947, wêrby't alle seksueel eksplisite passaazjes en ek guon minder flaaikjende stikjes oer Anne har mem en de oare ûnderdûkers fuortredigearre wiene, wer weromdraaid. Dat hat fan gefolgen hân dat it deiboek fan Anne Frank yn 2010 op 'e list fan ferbeane boeken kaam fan 'e skoallen yn Culpeper County, yn 'e Amerikaanske steat Virginia, fanwegen klachten oer seksuële en homoseksuële motiven. Nei't der in stoarm fan krityk oer de skoallieding losbarst wie, waard besletten om it ferbod werom te draaien, al moatte der foar klassikale lêslessen noch altiten âldere edysjes brûkt wurde.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeIt deiboek fan Anne Frank waard yn 1995 oerset yn it Frysk troch Jacobus Q. Smink (ûnder de titel: It Achterhûs: Deiboekbrieven 14 juny 1942 - 1 augustus 1944), en yn gearwurking útjûn troch Utjouwerij Fryslân en de Afûk (ISBN 90-70098-45-8). Yn 'e ferantwurding jout Smink oan dat er him basearre hat op De Dagboeken van Anne Frank, wittenskiplike edysje (De Haach/Amsterdam, 1986), en dat er dy fertaald hat yn 'e "lês-útjefte" fan Bert Bakker (Amsterdam, 1991). Smink hat besocht om mei syn Frysk sa deun mooglik by de oarspronklike Nederlânske tekst te bliuwen, wat resultearre hat yn in tige lêsbere oersetting.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |