.

Ingelske koperen snúfdoaze út 1792, yn de foarm fan in deakiste

In snúfdoaze is in apart doaske dat yn it ferline brûkt waard om snúftabak yn te bewarjen. It doaske tsjinne ek as helpmiddel foar it snuven fan de tabak. Fral yn de 18e iuw wie in snúfdoaze eat wat benei eltse begoedige man by him hie.

De doaskes waarden faak gravearre troch keunstners. Begoedige manlju hienen faak mear as ien snúfdoazen, dêr't guon fan ryklik fersierd wienen mei ûnder oaren goud en diamanten. De goedkeapste snúfdoazen wienen lykwols gewoan fan hout. Oare populêre materialen wienen skyldpodskylden en pearelmoer.

De lidden wienen faak fersierd mei in portret as tekening (gravuere).

Op it hichtepunt wie de snúfdoaze fral in teken fan oansjen. Dat bleau in skoft sa neidat snúftabak út de moade rekke wie. Sa wie it lang wenst by steatshaden om in snúfdoaze oan ambassadeurs en oare besite te jaan as earbetoan as sy beaen besite wat tabak oan út eigen snúfdoaze. Hofjuweliers krigen soms in slompe jild foar it meitsjen fan snúfdoazen foar dy gelegenheden.