Sneker Pan (skûtsje)

(Trochferwiisd fan Sneker Pan)
Snits
Seilteken fan Sneker Pan
Seilteken
Eigener Stichting De Sneker Pan
Plak Snits
Werf Roorda, de Piip, Drachten
Boujier 1913
Kleur grien
Lingte 19.49
Breedte 3.56
Holte 1.06
Djipgong 0.39
Skipper Douwe Visser Jzn
Tonnaazje 41

De Sneker Pan is it skûtsje dat foar Snits útkomt yn de SKS. It is eigendom fan Stichting De Sneker Pan dy't yn 1955 de Snitser boargemaster Rasterhoff, Joop Doevendans, Dicky van der Werf en Daan Martens as bestjoersleden hie.

De Sneker Pan by de HISWA yn 1985

It skûtsje is yn 1913 boud op skipswerf De Piip yn Drachten foar Gjalt van der Schuit fan de Rottefalle. Doe't it yn 1961 kocht waard troch de Skûtsjekommisje Snits wie it in wenboat yn eigendom fan Cees de Jong yn Assen.

Foar de werkenberheid keas de kommisje yn 1958 foar de letters Sn as seilteken. Sûnt yn 1962 in nij seil makke is troch Gaastra hat it skûtsje in wetterpoarte as seilteken. Doe't yn 1968 wer in nij seil kocht waard sette seilmakker De Groot fan Starum syn merkteken -yn de foarm fan in pompeblêd - yn it seil. Doe stiene der dus twa seiltekens yn.
Der hat yn de rin fan de tiid ûnderhâld oan west, mar de grutste put wie yn 1992 doe't it skûtsje 1,30 meter ferlinge is. It skûtsje koe dêrnei folle better meidwaan yn de top.

Der binne meardere ferklearrings oer de namme Sneker Pan. Koekenpannen waarden brûkt om Bengaalsk fjoer oan board mei oan te stekken. By feestlike gelegenheden waard ek wol in koekepanne yn de mêst hysd. Yn 1882 waard yn Snits in feriening Sneeker Pan oprjochte troch froulju dy't aktyf wienen by it silen. De foarsitter fan de syllferiening Snits krigekrige doe in fersulvere ynsinje mei in koekepannne oanbean. It teken waard letter symboal fan de Hurdsyldei.
It gemeentebestjoer stelde yn 1954 de Oarder fan de Snitser Pan yn foar de Snitswike yn it algemien en de Hurdsyldei yn it bysûnder. It bestiet út in kopere koekepanne mei it stedswapen fan Snits der yn ferwurke. Doe't yn 1956 it nijkochte skûtsje foar de earste kear yn Snits oanlei hyste de boargemaster in koekepanne yn de mêst mei de namme 'De Sneker Pan'.

Yn 1956 kocht de kommisje Snits it bolskip "Twee Gebroeders" fan Jan van Akker. It wie by de tewetterlitting brûnsgrien, letter krêm, griis, dêrneiswart en giel en yn 1961, it lêste jier dat it foar de SKS farde, wyt mei in framboazetint. Doe't de Friese Koerier dêr de gek mei hie waard yn oerlis mei konservator Halbertsma fan it Frysk Skipfeart Museum yn Snits, waard keazen foar seegrien.

De “Sneker Pan”is ien fan de meast suksesfolle skûtsjes fan de SKS. De Snitsers hawwe yn totaal alve kear kampioen west, wêrfan njoggen kear mei skipper Douwe Jappiesz Visser. De Snitsers kochten harren earste skûtsje fan Jan van Akker. Dy hie der kampioen mei west yn 1955. Klaas van der Meulen waard de earste skipper. De keap fûn plak tidens it skûtsjesilen fan 1956. Op 4 augustus stie Jan van Akker noch oan it roer yn Grou, op 7 augustus yn Langwar hie Klaas van der Meulen het helmhout oernaam.

Klaas van der Meulen stapte nei twa jier al wer op, omdat er skipper wurde koe op de Südwesthoeke, dêr’t er earder fjouwer kear kampioen mei west hie. Doe waard Jan van Akker oansteld as skipper en der kaam al gau in oar skûtsje, boud yn 1913 op de Piip yn Drachten.

Jan van Akker hat sawat tritich jier skipper west op de “Sneker Pan” mar troch sykte moast er twa kear ferstek gean litte (yn 1964 en 1979). Yn syn earste jier sloech er om by Grou, sawat tagelyk mei de Lemmer, wat him 25 jier letter wer oerkaam op krek it selde plak. Hy stiet seisde yn it Fleugelklassemint mei 20 oerwinnings.

Douwe Visser waard oansteld as skipper yn 1989, mar hy sil de tritich jier net fol meitsje want yn 2017 hat er besletten om der mei te stopjen. Syn soan Appie sil him opfolgje. Douwe Visser hat njoggen kear kampioen west en dêrmei moat er alinne Ulbe Zwaga foar gean litte, want dy hat alve titels. Hy stiet op in tredde plak yn it Vleugelklssement, nei Ulbe Zwaga en Loadewyk Meeter, mei 59 oerwinnings.

  • 1956-1957 : Klaas Keimpesz. van der Meulen
  • 1958-1963 : Jan van Akker
  • 1964-1964 : Jan Tjittes Brouwer
  • 1965-1978 : Jan van Akker
  • 1979-1979 : Albert Douwes Visser
  • 1980-1988 : Jan van Akker
  • 1989-2018 : Douwe Visser Jzn.
  • 2018-no : Jappie Douwesz Visser
  • 1956-1961 : Sneker Pan (01)
  • 1962 - no : Sneker Pan (02)

SKS kampioen

bewurkje seksje
Oantal Skipper Kampioen yn
  2 Jan van Akker 1973 - 1984
  9 Douwe Visser Jzn. 1995 - 1996 - 2002 - 2003 - 2007 - 2011 - 2012 - 2013 - 2016

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: