Snie

(Trochferwiisd fan Sniebank)

Snie is delfal út iiskristallen dy't foarme binne om stofdieltsjes út de atmosfear hinne.

Sniekristallen
Sniedún
Nije snie
Sniebalje yn Itaalje om it jier 1400 hinne
Snieskower by Toronto, Kanada

As de temperatuer ûnder it friespunt is komt wurde yn de hegere loftlagen reindrippen feroare yn sniekristallen. De sniekristallen falle stadich, wylst se oanwaakse. As de temperatuer yn in legere luchtlaach ticht by it friespunt is, dan frieze de kristallen troch wetterdrippen oan elkoar, en foarmje gruttere snieflokken, dy't somtiden wol 7 - 10 sm grut wurde kinne. It grutste part fan eltse snieflok, oant 95%, is lykwols loft. Dêrtrocht falt de snie mar stadich, likernôch 0,2 m/s. Troch alle flakken fan de kristallen wurdt hast alle ljocht dat op de snie falt reflektearre, wat de snie in wite kleur jout.

Mear as normaal snijen kin de diken blokkearje, wêrtroch it ferkear stilfalt. Minken kinne har net fier mear ferpleatse en guod kin net mear oan- en ôffierd wurde. Foar de tiid oant de diken frijmakke wurde kinne, leit it sosjale libben stil: bussen en treinen ride net, bêrn kinne net nei skoalle, wurknimmers net nei it wurk. Yn gebieten dêr't dit faker, en foar langere tiid, in probleem wêze kin, hawwe minsken winters in eigen foarrie oan iten ensfh. yn 'e hûs.

Snie wurdt ek brûkt foar wintersport. Gebieten dêr't normaal in protte snie falt binne winters faak drokke toeristesintrums, dêr't in soad minksen hinne gean te skyen, of foar oare besibbe sporten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Snie – foto, fideo en harktriemmen