Sofia Helin (Hovsta, Örebro län, 25 april 1972) is in Sweedske aktrise.

Sofia Helin
akteur
Sofia Helin yn 2012
Sofia Helin yn 2012
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sofia Margareta Götschenhjelm Helin
nasjonaliteit Flagge fan Sweden Sweedsk
berne 25 april 1972
berteplak Hovsta
jierren aktyf 1996-no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Sofia Helin waard berne yn Hovsta yn Örebro län, Närke. Har heit wie in keapman en har mem in ferpleechster. Doe't hja tsien dagen âld wie, hienen har beppe en har bruorke fan seis in autoûngemak; har beppe oerlibbe, mar har broer rekke dea. Helin studearre ôf yn de filosofy oan de Universiteit fan Lund. Fan 1994 oant 1996 gie se nei de teäterskoalle Calle Flygares en dêrnei studearre se yn 2001 ôf oan de Teäterakadeemje fan Stockholm. Se waard grutbrocht yn Linghem ûnder Linköping. Yn 2015 wenne hja yn Stokholm.

Helin begûn har karriêre yn 1997 mei in lytse rol yn de soapsearje Rederiet. Se spile yn ferskate films, ûnder oaren Rånarna út 2003 fan Peter Lindmark, dêr't se de rol fan haadynspekteur "Klara" yn spile. Foar haar rol yn de film Masjävlar út 2004 krige hja in nominaasje foar in Guldbagge Award, de filmpriis fan Svenska Filminstitutet. Yn 2007 en 2008 spile se "Cecilia Algotsdotter" yn de films Arn – The Knight Templar en Arn – The Kingdom at Road's End. Yn 2011, 2013, 2015 en 2018 wie hja te sjen yn de telefyzjerige Bron/Broen (The Bridge), yn de rol fan de autistyske plysje-ynspekteur "Saga Norén".

Persoanlik libben

bewurkje seksje

Se is troud mei earder akteur en dûmny yn de Sweedske Tsjerke Daniel Götschenhjelm dy't hja foar it earst moete op de toanielskoalle. Se hat twa bern: in soan, Ossian en in dochter, Nike. Helin is in kristen.

Helin hat in groede yn it gesicht dy't feroarsake waard troch in fytsûngemak doe't se 24 wie.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.